Buro de Vries fan 30 augustus 2015 11:00

Dizze simmer yn it Buro: Jubilearende ferienings en Friezen yn Frankryk. Us jubilaris fan hjoed is it âldste teaterselsskip fan Nederlân: Tryater. En we stappe yn de Amerikaanske truck fan Stien Bruinsma. Mei har Peterbildt rydt sy troch Noard-Frankryk.

Jubilaris: 50 jier Tryater

Tryater bestiet 50 jier. Yn 1965 oprochte ûnder de namme 'Fryske Toanielstifting', hat Tryater him ûntwikkele ta in alsidich teaterselskip. It spilet yn de grutte teaters, mar ek yn doarpshuzen, skoallen en it eigen teatergebou yn Ljouwert. Tryater spilet benammen yn it Frysk, mar ek yn oare talen.

Tryater doe en no

Buro de Vries fleant snein troch de skiednis fan Tryater mei in tal haadrolspilers fan doe en no. Fansels wurdt der ek royaal gebrûk makke fan argyfopnamen. Sa komme ûnder mear Pyt en Tryntsje van der Zee oan it wurd en bin der fragminten te hearren fan 'Abe', 'Kening Lear', 'Orfeo Aqua' en 'Polaroid'.

'Grûn' en de takomst

Fansels komt artistyk-direkteur Ira Judkovskaja ek oan it wurd. Sy fertelt oer it jubileumstik 'Grûn' en we sjogge mei har nei de takomst fan Tryater.

Friezen yn Frankryk: Stien Bruinsma

Stien is trucker en rydt fan moandei o/m freed mei har opfallende wein troch benammen it noarden fan Frankryk. Se hat in Amerikaanse truck, fan it merk Peterbilt. Stien Bruinsma is 62 jier. Se hat altyd op It Bilt wenne, mei Piet Tulner en harren trije bern. Piet en Stien kamen altyd al in soad yn Frankryk. Piet as reiddekker en Stien gong dan mei. Tegearre kochten se meubeltsjes op dy't se op It Bilt ferkochten. Dy handel waard hieltyd grutter, dus it ferfier moast ek grutter. Beide dienen se oan parasjutespringen. Op syn 26ste krige Piet in slim ûngelok wertroch hy arbeidsûngeskikt waard. In grutte klap. Stien waard fan doe ôf kostwinner.

Wenje yn Fryslân en Frankryk

It transportbedriuw groeide troch en op in gegeven momint hie se seis minsken yn tsjinst. Doe't it minder gong yn de transportwrâld hat se alle frachtweinen ferkocht en de minsken ûntslein. Yn Frankryk kin se foar harsels noch wurk fine. Boppedat is it waar hjir meastal better as yn Fryslân. Dêrom dat se hjir seis jier lyn in hûs kocht hat. Sûnt dy tiid wikselje Piet en Stien it Frânske en Fryske libben mei elkoar ôf. De leafde foar de hannel yn twaddehânsk guod is der noch altyd. Yn it wykein strune Piet en Stien de 'brocantes' ôf en it guod dat se fine fynt fia marktplaats in nije eigener

In dei mei Stien op paad

We bin in dei mei Stien op paad. Moarns 7 oere pikt Stien ús op. We fiele ús hiel wat, trije Fryske froulju yn sa'n grutte Amerikaanse wein. De lading bestiet út stofsûgers fan de Lidl. Dy moatte lost wurde yn Langre. We binne tweintich foar achten te plak en Stien manoeuvrearret de Peterbilt handich efterút te plak. En dan is it wachtsjen oant de man mei de heftruck de lading derút helje sil. It is al nei njoggenen foar't dat sa fier is. Stien begjin 'm al wat te knipen, want se wol foar healwei tolven by de twadde stop fan hjoed wêze. Omdat it measte libben yn Frankryk tusken 12:00 en 14:00 oere stil leit wol se der rom foar dy tiid wêze, oars helpe se har net mear foar tolven en moatte we wachtsje oant it skoft foarby is. Stien is ien fan de pear sjauffeurs dy't ûnder lunsjtiid trochrydt. Oant no ta giet alles neffens plan. Mar by it tredde en lêste adres giet it mis.

Stien in jier letter

It wurk begjint Stien Bruinsma swierder te fallen. Sawol fysyk as mentaal. Se wurdt dit jier 63 jier en om dit fol te hâlden oant har 67ste sjocht se net sitten. De konkurrinsje, benammen út East-Europa, wurdt hieltyd grutter. De driging fan 'yllegale meilifters' fielt se ek alle dagen. Mar salang it giet, giet se troch.

Diel dit berjocht op:

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneinen fan 11.00 oant 13.00 oere.
(advertinsje)