Buro de Vries fan 30 april 2017 11:00

    Underdûkt yn Fryslân: Yn Hylpen waarden de ûnderdûkers holpen troch Willem Glashouwer, de heit fan Harmen Glashouwer * 'Licht en Stilte', eksposysje Christiaan Kuitwaard yn Belvédère * YM Anna Renzema * Nijsfoarum mei Houkje Rijpstra, Harry van der Molen en Otto van der Galiën
    Presintaasje: René Koster.

    Joadske ûnderdûkers yn Hylpen

    • Joadske ûnderdûkers yn Hylpen

    Dizze moanne ha wy omtinken foar "Underdûkt yn Fryslân", in projekt fan Tresoar, produsint Wij fan PS en Omrop Fryslân. Mei radio en TV programma's, lêzingen en it digitalisearjen fan de Fryske ûnderdûkregistraasjes, wurdt de ûnderdûkskiednis út de Twadde Wrâldoarloch tagonklik makke. Yn Hylpen waarden de ûnderdûkers holpen troch Willem Glashouwer, de heit fan Harmen Glashouwer. It Buro makke in slach troch de buorren fan it Iselmarstedsje, tegearre mei Harmen Glashouwer, dy't troch de ferhalen fan syn heit en de dokuminten dy't er fûn hat, dy ûnderdûkskiednis yn kaart bringe koe.
    Harmen Glashouwer hat alles fan syn heit dat er fûn hat, nei Tresoar brocht. En op de site fan Hylpen is ek fan alles te lêzen: www.hindeloopen.com
    Mear ynformaasje oer it projekt Underdûkt yn Fryslân is te finen op www.ondergedokeninfryslan.nl

    Boartsje mei ljocht, skaad en stilte

    • Boartsje mei ljocht, skaad en stilte

    Keunstner Christiaan Kuitwaard boartet yn syn wurk mei ljocht, skaad en stilte. Op it stuit is it resultaat dêrfan te sjen yn museum Belvédère yn de grutte solo-útstalling: 'Licht en Stilte'. Minimale stillevens fan kopkes dy't spannend wurde troch de wurking fan it ljocht, mar ek mystike lânskippen wêryn beammen opdûke út de dize. Jierren lyn trune Thom Mercuur al oan op dizze útstalling. En de ferneamde skriuwer en keunstleafhawwer Joost Zwagerman hie al tasein de útstalling te iepenjen. Beiden ha de iepening op 14 april úteinlik net belibje mocht.

    'Licht en Stilte' fan Christiaan Kuitwaard is noch te sjen oant 9 juli yn museum Belvédère yn Oranjewâld. By de útstalling is ûnder deselde namme ek in prachtige katalogus ferskynd mei dêryn in grut ynterview dat Gijsbert van der Wal mei de keunster hie.

    YM: Radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

    • YM: Radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

    Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Anna Renzema.

    Nijsfoarum mei Houkje Rijpstra, Harry van der Molen en Otto van der Galiën

    • Nijsfoarum mei Houkje Rijpstra, Harry van der Molen en Otto van der Galiën

    11:08 - Mary Black - Don't Say Okay
    11:25 - Wiebe Kaspers - Jorwert
    12:07 - Diggy Dex (Ft. Jw Roy) - Treur Niet (Ode Aan Het Leven)
    12:14 - Gavin Degraw - Making Love With The Radio On

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)