Buro de Vries fan 3 septimber 2017 11:00

11:00-12:00 oere: Peareltsjes út it argyf, mei dizze snein: oantinkens oan ien fan de âldste jongereinsoazen fan Nederlân, Harambe yn Appelskea. En wat smyt in hannelsmissy nei Sina op?
12:00-13:00 oere: Ferhalen fan it Waad, Koarnwertersân
De "Ferhalen fan it Waad' binne ek as podcast werom te finen op dizze side. Sjoch ûnder it kopke RADIO.

Ferhalen fan it Waad: Koarnwertersân

Koarnwertersân, Frysk doarpke op de Ofslútdyk. Earder ûntstien as wurkeilân tidens de bou fan dyselde Ofslútdyk. Letter wenplak fan de minsken dy't wurken op de sluzen en brêgen. No wenje der noch 22 minsken, is it ferneamd om it Kazemattemuseum en in favoryt plakje fan guon kampers. It Buro strúnde der in dei om op syk nei de sjarme fan dit bysûndere plak.

Harambe

Wat smyt in hannelsmissy nei Sina op?

Ha Fryske ûndernimmers wat te sykjen yn Sina? It liket der wol op, want al tsientallen jierren bin der hannelsmissys nei dat gigantyske lân. Wat smite dy missys no konkreet op, wêrom soe de provinsje him dêr drok om meitsje en wêrom sykje ûndernimmers de eksportkânsen net yn lannen tichterby hûs? Buro de Vries socht yn novimber 2016 nei de antwurden.

12:10 - Gerry Rafferty - Baker Street (Single Version)

Share this page on:

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
(advertinsje)