Buro de Vries fan 3 novimber 2019 11:00

    Op 6 novimber 1919 makke yngenieur Hanso Henricus Schotanus à Steringa Idzerda de earste radio-útstjoering fan Nederlân. As earbetoan oan him en 100 jier radio, komt Buro de Vries op 3 novimber mei in spesjale útstjoering út Weidum wei, it bertedoarp fan dizze radiopionier. Fanfare de Harmonie Weidum sil spesjaal foar de gelegenheid 3 fan de nûmers út dy alderearste útstjoering live hearre litte. Fierder optredens fan Sytze Haima en Inez Timmer.

    Te gast binne trije pakesizzers fan Hanso Idzerda: Tobias Idzerda, Henk de Brey en Hanso Idzerda.

    Fierder praat Huub Wijfjes, bysûnder heechleraar radio en telefyzje skiednis mei.

    Audiotechnikus Karel Post fertelt mear oer de technyske kanten fan radio en oer it meitsjen fan in harkspul. 

    Kin de radio nochris 100 jier mei? Dêr prate Jan-Durk de Haan (radiokoördinator Omrop Fryslân), Marcel Joustra (radiofanaat dy't noch op de middengolf útstjoerd), Huub Wijfjes en Karel Post oer.

    En ferslachjouwer René Koster is yn Weidum by it bertehûs fan Idzerda, tegearre mei Ant Haima dy't ek yn dat hûs wenne hat en no dwaande is mei in boek oer de radiopionier. Mei Weidumer Klaes Tilma sjocht René by it monumint dat yn it doarp stiet as oantinken oan Idzerda en hy giet nei Tettie Venema om oer eartiids te praten. 

    Wa wie Hanso Idzerda?

    Mei syn nammegenoat en pakesizzer Hanso Idzerda, in oare pakesizzer Henk de Brey en Huub Wijfjes, bysûnder heechleraar radio en telefyzjeskiednis, in petear oer Hanso Idzerda. Wa wie dizze stille man út Weidum? Wat dreau him? Hoe wie syn karakter?

    It bertehûs fan Idzerda

    Idzerda is hikke en tein yn Weidum. Hy wenne yn it doktershûs, syn heit wie hûsarts yn Weidum. Ferslachjouwer René Koster sjocht tegearre mei Ant Haaima - dy't yn datselde hûs opgroeide - by it hûs dêr't er opgroeide.

    De technyk fan it radiomeitsjen

    Hoe siet dat no krekt technysk? Wat hie Idzerda makke en hoe koene minsken thús dat dan ûntfange? We prate dêr oer mei Huub Wijfjes, pakesizzer Tobias Idzerda en ús eigen audiotechnikus Karel Post.

    It monumint foar Hanso Idzerda

    Yn Weidum is in monumint oprjochte foar de radiopionier. René Koster seach dêr mei Klaes Tilma.

    Nostalgy: de harkspullen fan eartiids

    It earste harkspul yn Nederlân ferskynde yn 1924, mar it wie doe eins noch gewoan it foarlêzen fan in toanieltekst. Letter waarden der lûden oan tafoege. By de foargonger fan Omrop Fryslân, de RON en letter de RONO, wiene ek geregeld harkspullen te hearren. Mei Karel Post en Huub Wijfjes in petear oer dy spesjale 'tak fan sport' fan it radiomeitsjen.

    De takomst fan de radio

    We diskusearje oer de takomst fan de radio. Want hat de radio noch takomst? Bestiet de radio oer 100 jier noch altyd? In petear mei radio-fanaat Marcel Joustra fan middengolfstjoerder Seabreeze, Huub Wijfjes, Karel Post en kollega Jan Durk de Haan.

    Programma presentator: 
    Geartsje de Vries

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)