Buro de Vries fan 3 maart 2019 11:00

    * Hoe moat it fieder mei It Drents-Friese Wold?
    * De logika fan it Simplisties Verbond jildt noch altyd: kompleks hoecht net yngewikkeld te wêzen
    * It Nijsfoarum mei SP-listlûker Michiel Schrier, LTO-Noord foarsitter Trienke Elshof en direkteur Albert Hendriks fan toerismeburo Holland-Friesland

    Wêrom't 'kompleks' wat oars is as 'yngewikkeld'...

    Wêrom't  'kompleks' wat oars is as 'yngewikkeld'...

    Yn de jierren '70 waard troch it duo Van Kooten en De Bie it Simplisties Verbond oprjochte. Koot & Bie, want ek de namme koe simpeler, hold de yngewikkelde maatskippij in spegel foar. 'We hebben het te goed en daarom gaat het zo slecht'. 

    Koartlyn ferskynde it boek 'Complexiteit en de waarde van praktijkkennis' fan Govert D. Geldof. Hy komt dêryn eins ta in selde konklúzje. As in saak kompleks is, meitsje we it yngewikkeld om't oer de holle sjoen wurdt wêr't de maklike oplossing leit. Dat soe folle minder barre as mear sjoen en heard wurdt nei de misken yn de pratyk. Syn kredo: Sykje de oplossing net oan de teoretyske tekentafel, mar by de minsken dy't mei de poaten yn de klaai steane. 

    Geldof is yngenieur en riedslid (PvdA Waadhoeke) en snein te gast by it Buro.

    Drents-Friese Wold moat rûger

    Fannewike koe reagearre wurde op de plannen om it Drents Friese Wold folle rûger te meitsjen. Der wiene nochal wat krityske lûden fan omwenners en minsken dy't in soad rekreëarje yn it natoergebiet. Mar wat binne de plannen krekt? Hoe soe dat rûgere Drents Friese Wold realisearre wurde moatte? En wat feroaret der dan allegear krekt? It Buro wie nijsgjirrich, luts de learzens oan en ried nei dat natoergebiet op de grins fan Fryslân en Drinte.

    Oersjoch fan de wike

    It persoanlike oersjoch fan de ôfrûne wike troch de eagen fan René Koster...

    It Nijsfoarum

    It Nijsfoarum, hjoed mei as opiny-makkers:

    SP-listlûker Michiel Schrier,

    LTO-Noord foarsitter Trienke Elshof en

    direkteur Albert Hendriks fan toerismeburo Holland-Friesland

    Yn Memoriam: Cees Faber

    Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear werkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Cees Faber.

    11:07 - Paul Anka - Time After Time
    11:32 - Grytz - Fersopen Protter
    11:47 - Wulf - Front Row Ticket
    12:07 - David Bowie - China Girl
    12:15 - George Ezra - Hold My Girl

    Programma presentator: 
    René Koster

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)