Buro de Vries fan 3 maaie 2020 11:00

    Yn Buro de Vries op 3 maaie de ferhalen fan Joadske bern, dy't yn 'e oarloch ûnderdûkt sitten hawwe yn Fryslân. It projekt 'De terugkeer van de Joodse kinderen' hat yn de ôfrûne healjier in soad ferhalen foar it ljocht brocht. It giet oer de hûnderten Joadske bern dy't yn 'e oarloch fan Amsterdam nei Fryslân smokkele binne. Faak troch studintes mei de Lemmerboat, it bern op 'e earm of oan de hân, om se ûnder te bringen yn in pleechgesin.

    Yn Buro de Vries gesprekken mei Joadske bern. Hoe giet it no mei harren, en wat hat de oarlochstiid yn Fryslân foar ynfloed hân op har libben?

    Buro de Vries, fan 11 oant 13 oere. Gearstalling en presintaasje Karen Bies.

    11:10 - Bonnie Raitt - One Belief Away
    11:22 - Den Tex Prins & De Munnik - Stormvogels (Live Yn Noardewyn 26/01/07)
    11:37 - Gerbrich Van Dekken - Mear As In Freon
    12:10 - E.L.O. - All My Love
    12:28 - Sarah Mclachlan - Adia
    12:39 - John Mayer - New Light

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)