Buro de Vries fan 3 maaie 2015 11:00

    Stichting Natuurcollectief Fryslân * YM Joop Roorda * Kursus libbensferhalen skriuwe * Sjouke Lousma ûnderweis * Kollum Bart Kingma * It sukses fan VC Snits begjint by de jeugd * Herinnerings Eeelke Lok: Hans Wiegel

    Eigen natuer

    Romke Kinderman en Tineke de Vries ha beide in eigen natuergebiet. Om foar de provinsjale subsydzjeregeling natuer en lânskipsbehear yn oanmerking te kommen ha se de 'Stichting Natuurcollectief Fryslân' oprjochte.
    Mear ynformaasje oer 'Stichting Natuurcollectief Fryslân' is te krijen by Tineke de Vries, tnkdevr@planet.nl

    YM: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

    Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Hjoed: Joop Roorda fan Wytgaard.

    Dyn eigen libbensferhaal

    Jo eigen skiednis opskriuwe foar je pakesizzers of it libbensferhaal foar in oar fêstlizze. Jo wolle it wol mar it komt der soms net fan. In kursus libbensferhaal skriuwe kin in oanset wêze. We seagen by in kursusmiddei fersoarge troch skriuwster Marga Claus.

    Yn septimber set wer in nije kursus libbensferhaal skriuwe útein. Mear ynfomaasje is te krijen by Marga Claus, margaclaus@gmail.com
    www.margaclaus.nl

    Sjouke Lousma ûnderweis

    Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út. Hjoed is hy yn 'e omkriten fan Wolsum.

    De kollum

    De kollum komt dizze snein fan Bart Kingma, programmamakker, skriuwer en wat al net mear.

    It súkses fan VS Sneek begjint by de jeugd

    Follybal libbet wer yn Snits. Krekt as yn de 80 en 90-er jierren sit de hal grôtfol as it earste frouljusteam har wedstriden spilet. Op syk nei it geheim efter dit súkses komme we út by de jeugdoplieding.

    It wie...1997

    Eelke Lok is in bekende namme by Omrop Fryslân. Hy wurket hjir al hast syn hiele libben en ynkoarten giet er mei pensjoen. Eelke hat in soad meimakke. Genôch om de kommende wiken werom te sjen op syn omrop ferline. Hjoed syn herinnerings oan it ôfskiedspetear dat hy yn 1997 makke mei Hans Wiegel.

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)