Buro de Vries fan 3 juny 2018 11:00

Oer dizze útstjoering is gjin spesifike ynformaasje beskikber. Klik hjir foar programma-ynformaasje

Joadske famyljes yn Fryslân

  • Joadske famyljes en famyljenammen yn Fryslân

Yn Ljouwert is hjoed it grutte famyljeskiednis evenemint Famillement organissearre troch Tresoar, it Histoarysk Sintrum Ljouwert en it CBG, it Centrum voor Familiegeschiedenis. De ferwachting is dat in hiel soad minsken op it evenemint ôfkomme, want ûndersyk dwaan nei foarâlden is hielendal 'yn'. Der binne lêzingen, rûnliedings, tentoanstellings en in ynformaasjemerk. Famillement wurdt om it jier holden, de lêste kear kamen der mar leafst hast 3000 minsken op ôf.

Twa minsken dy't fannemiddei in lêzing hâlde, binne fannemoarn by my yn de studio. Winnie van Hasselt sil it ha oer Joadske famyljenammen op de Gerdyk en it téma fan de lêzing fan Chaim Caran is: Leeuwarden, een Joods Culturele Hoofdstad?

'Je moet niet je wil opleggen aan de natuur want dat lukt nooit'

  • Mies de Roode

Op it Oranjewoudfestival, is Omrop Fryslân fertsjintwurdige mei in bysûnder projekt: It geheim fan De Deelen. Yn de oarlochsbunker by Oranjewâld is te sjen wat der him sa al ôfspilet ûnder wetter, yn de ferskillende tiden fan it jier. At ien wit wat der allegear ûnder wetter te finen is, dan is dat wol Mies de Roode fan Oranjewâld. Mei har 86 jier fynt se noch altyd prachtich om minsken, ja sels noch hiele skoalklassen, mei te nimmen nei bûten en de geheimen fan da natoer te dielen. Sa ek ús...
https://oranjewoudfestival.nl/nl/programmaonderdeel/secret-passage-plus-2

YM Lienke Westra-Hoof

  • YM Lienke Westra-Hoof

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Lienke Westra- Hoof. 

Oersjoch fan de wike

  • Wykoersjoch Buro de Vries

Makke troch René Koster.

Nijsfoarum mei Aukje de Vries, Albert van der Ploeg en Matthijs Sikkes van den Berg

  • Nijsfoarum
  • Nijsfoarum

11:08 - Gnarls Barkley - Crazy
11:28 - Santana Vs Camila Cabello - Smooth Vs Havana (Mashup)
11:42 - Piter Wilkens - Greideroas
11:55 - Eternal - I Wanna Be The Only One
12:07 - Madonna - Who's That Girl
12:15 - Shawn Mendes Feat. Khalid - Youth

Programma presentator: 
René Koster

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
(advertinsje)