Buro de Vries fan 3 febrewaris 2019 11:00

    Yn Buro de Vries it ferhaal fan Habtamu de Hoop oer syn reis nei syn bertelân Ethiopie. Habtamu is presintator fan it programma Klokhuis, riedslid fan de PvdA yn de gemeente Súdwest-Fryslân en opgroeid yn Wommels. As lytse poppe waard hy adoptearre.
    De ôfrûne wiken wie de jonge ambisjeuze presintator\politikus op besite yn syn heitelân. Hoe't dat wie fertelt hy yn it Buro.
    Merijn Tinga is miljeu -aktivist en better bekind as de 'plastic soup surfer'. Merijn is berne yn Ljouwert mar swalket de hiele wrâld oer mei syn surfplank om minsken bewust te meitsjen fan de gefaren fan plestik troep.
     

    Plestik Soup Surfer Merijn Tinga: "we binne sels ferantwurdelik foar de plestik troep"

    Merijn Tinga is de earste yn ús podcast-rige 'Wrâldferbetterers'. We sykje minsken út dy't de wrâld feroarje wolle, te begjinnen by harsels. Yn Buro de Vries gean we mei Merijn nei it Noardseestrân by Katwijk. Dêr fertelt hy wat him driuwt en wat him geande hâldt as 'Plastic Soup Surfer'. 

    Mei it opromjen fan plestik is Merijn Tinga al jierren dwaande. As de Plastic Soup Surfer fiert hy aksje om it plestik ôffal te ferminderjen, yn de seeën, de rivieren en de rest fan de wrâld om ús hinne. Merijn Tinga komt út Ljouwert, is opgroeid yn Grins en wennet no yn Leiden. Hy is biolooch en keunstner, mar de lêste jierren fulltime 'Plastic Soup Surfer'. Hy stelt de produsinten fan it plestik, dus de grutte bedriuwen, ferantwurdlik foar it plestik ôffal. Dat bart oant no ta te min, fynt hy. Produsinten wize júst altyd op de ferantwurdlikheid fan boargers, de konsumint. Merijn Tinga wiist de produsinten derop dat se séls wat dwaan moatte.

    Begjin dit jier barde der in ekologyske ramp yn de Noardsee, hast 300 konteners foelen yn in stoarm fan it skip de MSC Zoe ôf. It opromjen duorret noch lang. Yntusken spielt der oan de Fryske kusten in soad guod oan, sis mar gewoan troep. Grutte troep en mikroplestiks, dy't foar it miljeu in folle gruttere ramp binne. It ynsidint wie in hurde konfrontaasje mei de grutskalige produksje fan guod én mei ús eigen konsumintegedrach. Dit, en alle oare diskusjes oer miljeuproblemen en klimaatferoaring, makket hyltyd mear minsken bewust fan de kwetsberheid fan ús wrâld. Hyltyd mear minsken komme yn aksje. Sa sil der yn maart in grutte klimaatmars holden wurde. Op 7 febrewaris is der in lanlike aksjedei fan skoalbern: Spijbelen voor het klimaat.

    Yn Buro de Vries is in part fan de podcast te hearren. In langer petear mei Merijn Tinga kin beharke wurde yn de podcast-searje fan Buro de Vries.

    Habtamu werom yn Ethiopië

    De 20-jierrige Habtamu de Hoop út Wommels is bekend as presintator fan it Klokhuis en hy is ek riedslid foar de PvdA yn Súd West Fryslân. Habtamu is berne yn Ethiopië en doe't er 8 moanne wie nei Nederlân kommen. Syn Fryske heit en mem, Emke en Tineke de Hoop ha him adopteard. Nei Habtamu ha se noch in jonkje út Ethiopië adopteard: Solomon. Mei har fjouweren ha se werom west nei Ethiopië, sadat Habtamu en Solomon mei eigen eagen sjen koene wer't se de earste moannen fan har libben trochbrocht ha. It Buro wie benijd nei harren reiserfaring en gie mei Habtamu, heit Emke en mem Tineke oan de keukentafel sitten. Earst fertelt Habtamu oer de earste dagen fan syn libben:

    Jan Hoekstra

    Cor Warenga betinkt alle wiken yn Buro de Vries in Fries of Friezinne dy't stoarn is. 3 Febrewaris stiet hy stil by it libben fan Jan Hoekstra.

    Nijsfoarum

    Om 12 oere is der it wykelikse nijsfoarum. Snein mei Rinie van der Zande, steatelid foar de Partij voor de Dieren, Atze Jan de Vries, sjoernalist fan de Ljouwerter Kranten en fêst foarumlid Otto van der Galiën, riedslid foar Lijst 058 yn Ljouwert. We beprate de aktualiteiten fan de ôfrûne wike. Hoe sjogge de foarumleden nei it Kinderpardonkompromis fan it kabinet, de dramatysk minne steat fan brêgen en sluzen op de ôfslútdyk en fine se de F35 ek sa moai?

    11:08 - Bonnie Raitt - Have A Heart
    11:29 - George Ezra - Shotgun
    11:46 - Weima & Van Der Werf - 't Komt Altyd Wol Goed
    12:08 - Genesis - Invisible Touch
    12:15 - Guy Sebastian - Before I Go

    Programma presentator: 
    Simone Scheffer

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)