Buro de Vries fan 3 desimber 2017 11:00

* Ira Judkovskaja oer 'Wat jo wolle' * Rivella út Wolvegea * Hoe moat Burgum der út komme te sjen * YM Jan Seinstra * Nijsfoarum mei Otto van der Galiën, Aukje de Vries en Habtamu de Hoop * Presintaasje: Simone Scheffer.

Burgum moat ynsette op tritigers

Hoe komt it mei Burgum? It doarp stiet der no prima foar: der binne in soad foarsjenningen en mei de Sintrale As binne no ek de ferbiningen op oarder. Dochs driigje der gefaren, fynt Simon Soet fan Burgum. Hy skreau de gemeenteried in wiidweidich stik mei syn analyze. Soet is in súksesfol sakeman yn de finansjele wrâld, wenne jierren yn de Rânestêd, mar is yntusken delstrutsen yn Burgum. It Buro trof him fan 'e wike op it grutte parkearterrein midden yn it doarp.

Rivella út Wolvegea

Kinne we wol út 'e fuotten mei: 'Wat wy wolle'?

Tryater bringt op it stuit de foarstelling 'Wat jo wolle'. Dizze foarstelling wurdt bepaald troch it publyk. In seal fol mieningen, hoe krije je dat byelkoar? Kin it in jûn wurde dy't oan elts syn ferwachtingen foldocht? 

Us grutste prestaasje is jo ferdivedaasje... Dat binne de wurden op it boekje dat Tryater makke oer de foarstelling 'Wat jo wolle'. Hoe sjocht in teäterjûn derút as jo it sels bepale kinne. Mei dat boadskip stappe minsken de de seal yn as se nei de foarstelling 'Wat jo wolle' gean. Fjouwer akteurs, Lourens van den Akker, Aly Bruinsma, Ali Zijlsta en Nynke Heeg sykje nei de ideale teäterjûn mei mekoar en it publyk. We wiene sneon 2 desimber yn Frjentsjer en ûndergiene de foarstelling.

YM: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Jan Seinstra. 

Oersjoch fan de wike

Makke troch Simone Scheffer.

Nijsfoarum mei Aukje de Vries, Otto van der Galiën en Habtamu de Hoop

11:08 - Michael Buble - It's A Beautiful Day
11:17 - Justin Bieber & Bloodpop - Friends
11:31 - De Kast & Lotte Verhoeven - It Wetter Waakst
11:42 - Kym Sims - Too Blind To See It
11:53 - Paul Simon - Late In The Evening
12:07 - Madonna - Open Your Heart
12:15 - First Aid Kit - It's A Shame

Share this page on:

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneinen fan 11.00 oant 13.00 oere.
(advertinsje)