Buro de Vries fan 29 septimber 2019 11:00

    Hinke Piersma oer har boek 'Op eigen gezag';

    De film 'Mevrouw Faber" oer de Wommelser Harm dy't Harriët waard

    Cor Waringa oer it libben fan Bonne Looyenga;

    It Nijsfoarum mei Anne-Goaitske Breteler, Piet Fortuin en Sieta van Keimpema.

    De plysje yn oarlochstiid

    Wie de plysje yn WOll fout? Dat byld libbet om't se ek wol holpen by deportaasjes en sa. Friezinne om utens Hinke Piersma is ûndersiker by it NIOD (Nederlands Instituut voor Oorlogsdocumentatie) en ûndersocht dit aspekt út de skiednis. Koartlyn ferskynde har boek 'Op eigen gezag' en se komt dêryn ta in oare konklúzje. Se toant oan dat ek plysjeminsken har fersetten tsjin de besetter en lit sjen hoe't se dat diene. Hinke Piersma is snein te gast by it Buro.

    Fryske film "Mevrouw Faber" oer transgender Harriët út Wommels

    Op it Nederlânsk Filmfestival yn Utrecht wurdt dit wykein de dokumintêre Mevrouw Faber fertoand. It is in film oer de stoere frachtweinsjoffeur Harm dy't frou wurde wol. Foar de film hat regisseur Job Tichelman Harm - dy' t ûnderwilens al Harriët is - en har frou Siepie hast twa jier lang folge. It Buro socht Harriët en Siepie op yn har hûs yn Easterlittens, dêr't Job Tichelman ek op besite wie.

    It oersjoch fan de wike

    In folslein subjetyf oersjoch fan de wike. Dit kear sjoen troch de eagen fan René Koster.

    It Nijsfoarum

    It nijs út Fryslân en de rest fan de wrâld fannewikke besprutsen troch:

    Piet Fortuin, de nije foarsitter fan it CNV;

    Sieta van Keimpema, foarsitter fan de Dutch Dairymen Board; en

    Anne-Goaitske Breteler, korrispondint Binnenlân Bûtengebiet

    YM Bonne Looijenga

    Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Ditkear is dat Bonne Looijenga.

    11:07 - James Taylor - October Road
    11:30 - Jan Tekstra - Fan My
    11:47 - Queen - You Don't Fool Me
    12:08 - Katie Melua - Nine Million Bicycles
    12:16 - Krezip - How Would You Feel

    Programma presentator: 
    René Koster

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)