Buro de Vries fan 29 oktober 2017 11:00

Jan Bruining is siik en siket ûnderdak foar syn samling âlde trekkers * Oeds-Jan Postma skriuwer fan it boek "Miljonair met een gewone baan" * YM Leo van der Galiën * Nijsfoarum mei Ultsje Hosper, Karin de Mik en Jouke Spoelstra. Presintaasje Geartsje de Vries.

'Histoaryske dagen yn Barcelona'

Ferslachjouwer Onno Falkena fan Omrop Fryslân is yn Barcelona. Hy makke mei dat presidint Puigdemont fan Kataloanië de ûnôfhinklikheid ferklearre. Flak foar't er wer werom nei hûs giet, hie it Buro kontakt mei him.

Wêr kinne Jan Bruining syn âlde trekkers hinne?

Jan Bruining fan Ingelum, de betinker fan de trekker 11-stedetocht, siket plak foar syn âlde trekkers. Bruining is siik en wol foar syn dea syn samling fan sawat 40 âlde trekkers ûnder dak ha. Hy tocht dat hy it foarmekoar hie, mar lêsten die bliken dat dat net sa wie.

Miljonêr mei in gewoane baan

Meidwaan oan de lotterij sjogge de measte minsken as iennichste kâns om ea nochris miljonêr te wurden. En krekt oan datsoarte saken jild útjaan is hiel ûnferstannich, fynt Fries om utens Oeds-Jan Postma. Hy kin it witte, want hy is in 'selfmade-miljonêr'. "Konsekwint sunich wêze, ûnder dyn stân libje en tûk belizze, dan wurde je hast fansels miljonêr". Oer syn oanpak, syn strategy en syn motivaasje publisearre hy in boek ûnder de titel 'Miljonair met een gewone baan'. Mar wêrom soene je miljonêr wurde wolle? Kinne je net better stribje nei in sûn en lokkich libben? Of komt dat krekt tichteby mei in miljoen op de bank?
'Miljonair met een gewone baan' is útjûn by Haystack.

YM: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear werkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Leo van der Galiën. 

Oersjoch fan de wike

Dizze wike makke troch Geartsje de Vries.

Nijsfoarum mei Ultsje Hosper, Karin de Mik en Jouke Spoelstra

We beprate it nijs fan de wike mei Ultje Hosper, FNP-man en earder direkteur fan It Fryske Gea, sjoernaliste Karin de Mik en 'vloggende' wethâlder Jouke Spoelstra.

11:15 - Blondie - Denis
11:28 - Gnarls Barkley - Crazy
11:45 - Niall Horan - Slow Hands
12:10 - Piter Wilkens - De Friese Troedeboer

Diel dit berjocht op:

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneinen fan 11.00 oant 13.00 oere.
(advertinsje)