Buro de Vries fan 29 maart 2015 11:00

(Fanwege in steuring kinne jo it programma pas moandei weromharkje.)

* Ofskied fan de betelle fûgelwachters op Skylge * Yn Memoriam: Bouke Bouma fan Kleaster Eanjum * Keunstner Jentsje Popma * Sjouke Lousma ûnderweis * De kollum fan Gerrit Breeuwsma * Symen Jansma fan Burdaard oer syn Travelbird.nl * Koart ferhaal Nyk de Vries

'Je beleeft de natuur zó intens...'

Op Skylge prate we mei twa manlju dy't yn tsjinst wiene fan Steatsboskbehear as fûgelwachters: Oene de Jong en Jan Zorgdrager. Harren wurk is oernommen troch 85 frijwilligers. Oene de Jong is krekt opholden as fûgelwachter, Jan Zorgdrager is al in pear jier mei pensjoen. Se sjogge werom op dat iensume mar prachtige wurk.

Yn Memoriam: Bouke Bouma fan Kleaster Eanjum

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Hjoed: Bouke Bouma fan Kleaster Eanjum.

Keunstner Jentsje Popma nimt ôfskied fan it skilderjen

De ferneamde Fryske skilder Jentsje Popma wie de lêste wiken in soad yn it nijs. Benammen om't er syn wurk en atelier oerdocht oan de stifting Nij Kleaster yn Jorwert, mar ek fanwege in útstalling yn Museum Joure. De útstalling hat de namme krigen fan ien fan syn favorite skilderijen: 'De wolk die boven de dijk verscheen'. It Buro reizge mei Popma nei De Jouwer foar in petear oer syn leafde foar it lânskip, syn soarch oer de takomst, en syn ôfskie fan it skilderjen...

Jentsje Popma

Hjir kinne jo it folsleine - net montearde - petear hearre dat René Koster makke mei keunstner Jentsje Popma oer syn leafde foar it lânskip, syn soarch oer de takomst en syn ôfskied fan it skilderjen.

Sjouke Lousma is ûnderweis

Sjouke Lousma is yn de omkriten fan Menaam. Hy bedarret op in training foar plysjehûnen.

Gerrit Breeuwsma oer psychopaten

De kollum fan ûntwikkelingspsycholooch Gerrit Breeuwsma - wurksum oan de RUG - oer it werkennen fan in psychopaat. Of better: it net werkennen fan in psychopaat.

Burdaarder Symen Jansma suksesfol yn de reiswrâld

Foar in soad minsken is fakânsje, reizgje, ien fan de aardige saken fan it libben. Mei de komst fan Internet is de kar oan reismogelikheden folle grutter wurden. Minsken gean sels op syk nei aardige bestimmingen, se boeke sels in hotel en regelje sels de fleantickets. Mar der binne safolle mogelikheden dat it ek wolris dreech is om troch al dy beammen it bosk noch te sjen... foar dy minsken betocht Burdaarder Symen Jansma in formule: Travelbird.nl. Yn fiif jier tiid is de reiswebsite útgroeid fan de twa inisjatyfnimmers nei in bedriuw mei 600 minsken op de leanlist.

Nyk de Vries: 'Swimbad'

De Fryske Amsterdammer Nyk de Vries skriuwt ultrakoarte ferhaaltsjes. Dit is 'Swimbad'.

Share this page on:

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
(advertinsje)