Buro de Vries fan 29 juny 2014 11:00

Dizze simmer stiet it Buro yn it teken fan 'Freonskip' en 'Friezen thús yn Frankryk'. Yn Freonskip fertelle twa bêste freonen oer harren bân. Yn 'Friezen thús yn Frankryk' hearre je ferhalen fan Fryske emigranten.

Freonskip: Anje Wester en Jan de Vries

Yn 'Freonskip' fertelle twa freonen oer harren bân. Hjoed mei Anje Wester en har bêste freon Jan de Vries. Anje Wester fan Earnewâld is ûndernimmer, bestjoerder en sa't se sels seit 'kwartiermakker'. Se wie riedslid yn Tytsjerksteradiel, belutsen by it Fryske Gea en sit no yn it bestjoer fan Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018. Mar miskien is se noch wol it meast dochter fan de freneamde keunstner Klaas Koopmans.

Friezen thús yn Frankryk: Siebrig van der Veen

We meitsje dizze simmer in rûnreis troch Frankryk by Fryske emigranten del. Op de Champs Élysées treffe we Siebrig van der Veen út Easthim. Se is ien fan de dûnseressen yn it Lido. We krije in rûnlieding yn dit ferneamde teater en sjogge ús de eagen út.

*

Diel dit berjocht op:

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneinen fan 11.00 oant 13.00 oere.
(advertinsje)