Buro de Vries fan 29 july 2018 11:00

    Buro de Vries sit dizze simmer op it doarpsplein. Yn dit jier fan LF2018 sille wy op syk nei de doarpsmienskip.Hjoed binne René Koster en Geartsje de Vries yn De Houtigehage. Op it terras by kafee Sportlust en op ferskate plakken yn it doarp geane se op syk nei it DNA fan De Houtigehage.

    We gean op syk nei antwurd op de fraach: wat betsjut 'mienskip' yn de deistige praktyk fan dit doarp op de grins fan Smellingerlân en Achtkarspelen?

    We sille it ha oer de skiednis fan it doarp en oer de earmoede dy't de streek tekene om 1900 hinne. Minsken op de heide wennen doe yn spitketen en it analfabetisme wie heech. Ds. Visscher besocht dêr ferbettering yn te bringen. In tinkstien yn it tsjerkje Noord Jeruël en in strjitnamme heuget noch oan him.

    It wâldhúske yn De Houtigehage wie yn 1909 de earste wenningwetwenning yn de gemeente. It joech plak oan húshâldingen dy't der ek noch wat lytsfee hâlde koene en wat ierappels en griente ferbouden. It is no in museumwente.

    It sosjalisme waard populêr ûnder de earme befolking. Durk Pultrum wie dêr in pleatslik foarfjochter fan. Hy wie ûnder oare de inisjatyfnimmer fan it Folksgebou yn Boelensloane. Dat doarp leit deun tsjin De Houtigehage oan. We sjogge ek nei hjoeddeistige saken. Der is bot ferlet fan nije wenningbou, mar it wol mar net op gong komme. We binne noch te gast by in camping achter 'it spekhúske fan de barbecue-gigant'. En we geane op syk nei in bysûndere ynwenner: Harry Harrewar. Buro de Vries is der snein fan 11.00 oere oant 13.00 oere.

    11:09 - Sergio Mendes & Brasil '66 - Mas Que Nada
    11:17 - Luis Fonsi Ft. Demi Lovato - Echame La Culpa
    11:26 - Maaike Rients, Piter & De Kast - Simmer 2000 (Live)
    11:35 - Lene Marlin - Sitting Down Here
    11:47 - Rob Janszen - Terschelling
    12:08 - Pogues - Fiesta
    12:21 - Don Henley - The Boys Of Summer
    12:36 - Ronnie Flex & Blof - Omarm Me
    12:53 - Carlos Lyra - Influencia Do Jazz

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)