Buro de Vries fan 29 july 2012

Yn ferbân mei in útstjoering fan it PC Kafee dizze snein mar ien oere Buro de Vries.

It Buro reizget troch Sweden op syk nei Fryske emigranten. Werom sochten sy har lok yn Sweden? Is har dream útkommen of is it hiel oars rûn. Yn ôflevering 5 fan ús rige "Friezen thús yn Sweden" ite we earst in broadsje by de Biltse bakkers yn Munkfors. Sjoerd en Pietsje Wassenaar en harren dochter Ingrid. Dernei oerfalle we Thea Hopma mei in besite. Fjouwer jier lyn ferhuze sy mei har gesin nei Munkfors, in beslissing nommen yn ien wykein. As lêste treffe we de famylje Van Wolferen. Paul en Jantsje wurkje beide yn de soarch.

Harkje nei dizze útstjoering

  • Harkje nei dizze útstjoering

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
(advertinsje)