Buro de Vries fan 29 jannewaris 2017 11:00

* It 'moeder-kind-huis' yn Goutum * De súksesfolle 'Mijn Tafel' formule - Yn Memoriam: Tiny de Jong * It wike-oersjoch * It nijsfoarum mei wethâlder fan Ljouwert Harry van der Molen, ekonoom Erica Verdegaal en Kening fan de Greide man Klaas Sietse Spoelstra. Presintaasje: Geartsje de Vries

Help foar jonge memmen en har bern

  • Help foar jonge memmen en har bern

As opfieden dreech is, en it driget net goed te kommen mei it berntsje, dan kin it 'Moeder&kind-huis' yn Goutum in helpende hân biede. It giet dan meast om jonge memmen mei in ferstanlike bepreking of psychiatryske problemen. Gerwin en Minke van Dam biede tydlike help oan memmen en har jonge bern, wêrby't net altyd dúdlik is oft dizze memmen self harren berntsje yn de takomst opfiede kinne. Se wenje sels mei har fjouwer bern ek yn it hûs. Bysûnder, en derom seagen we hoe't it no, njoggen moanne nei 't de earste memmen by har kamen te wenjen, mei harren giet.

www.driestroomhuiskien.nl

Súksesfolle Finske winkelformule wurket ek yn Nederlân

  • Súksesfolle Finske winkelformule wurket ek yn Nederlân

Jo dogge it miskien ek wol: twaddehânsk guod, dat der noch moai útsjocht, ferkeapje op Marktplaats. De iene kear slagget dat samar, bygelyks mei de Lego doe’t myn bern dêr te grut foar waarden, en in oare kear kinst it oan de strjitstiennen net kwyt. Hiel wikseljend. Itselde prinsipe, mar hiel oars útfierd, binne de winkels dêr’t je in kast of tafel hiere kinne en dêr dan je guod op ferkeapje. In fysike marktpleats eins. It Buro socht ien op.

Yn Memoriam: Tiny de Jong

  • Yn Memoriam: Tiny de Jong

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Tiny de Jong fan Warkum.

It wikeoersjoch

  • It wikeoersjoch

In oersjoch fan it nijs fan de ôfrûne wike.

Nijsfoarum mei Klaas Sietse Spoelstra, Erica Verdegaal en Harry van der Molen

  • Nijsfoarum mei Klaas Sietse Spoelstra, Erica Verdegaal en Harry van der Molen

11:08 - Vaya Con Dios - Johnny
11:24 - Marlon Roudette - New Age
11:38 - Rod Stewart - I Don't Want To Talk About It
11:50 - Adele - Water Under The Bridge
12:09 - Nick Lowe - L.A.F.S.
12:17 - Agnes Sambrink - Ik Jou't Net Op

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
(advertinsje)