Buro de Vries fan 29 desimber 2019 11:00

    Piet Paulusma te gast yn Buro de Vries. 30 Desimber is de lêste Piet's weer foar Hart van Nederland by SBS. Yn Buro de Vries beprate we de tiid by SBS mar ek oare saken, lykas de feroarings fan it klimaat en de fassinaasje fan de Harnzer waarman foar it waar.

    Yn it foarum prate we mei 4 jonge minsken dy't harren idealen op ferskate wizen ta werklikheid bringe wolle.

    Piet Paulusma te gast

      Piet Paulusma is dé waarman fan SBS. Mar nei 30 desimber wurdt dat oars. Lykas bekend smyt SBS it roer om en wie der gjin plak mear foar Piet's oant moarn.

      Yn Buro de Vries in wiidweidich petear mei Piet. Oer fansels it waar, mar ek oer oare saken dy't mei syn wurk te krijen hawwe. De populariteit, it klimaat en de driuwfearren fan Piet komme oan 'e oarder.

      Nijsfoarum

      Yn Buro de Vries op 29 desimber hawwe we in bysûnder foarum. Fjouwer jonge, maatskiplik belutsen minsken binne te gast.

      Eke Folkerts is foarsitter fan Agrarische Jongeren Fryslân. Se makket har sterk foar de jonge boeren. Fardau Procee wie kandidaat foar de Europeeske ferkiezings. Se stie op nûmer 11. Se hat oer de hiele wrâld west en har mei flechtlingeproblematyk dwaande hâlden.

      Wytse Dijkstra is in jonge kreativeling. Muzikant en programmeur. Hy set him yn foar festivals en it kulturele libben yn Ljouwert, mar is ek maatskiplik belutsen. Sa wie hy yn Súd-Afrika om de ferkiezings dêr te folgjen.

      Yn Memoriam

      Cor Warenga betinkt it libben fan Ulbe Pauzenga

      11:07 - Crowded House - Weather With You
      11:41 - Piter Paulusma & Combo Jan Ste - It Waar
      12:07 - Reboelje - Marije Maria

      Programma presentator: 
      Simone Scheffer

      Buro de Vries

      Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
      (advertinsje)