Buro de Vries fan 29 desimber 2013 11:00

Op- en/of oanmerkings, of in goeie tip? We hearre it graach! Mail nei burodevries@omropfryslan.nl

"It giet om de balâns; wat kin in gebiet ha"

  • "It giet om de balâns; wat kin in gebiet ha"

De film "De Nieuwe Wildernis" wie dit jier in grutte hit. Yn acht wike tiid, gongen 600.000 minsken nei de bioskoop. Yn de takomst sil der neist de Oostvaardersplassen op mear plakken "re-wilding", ferwyldering, komme. Sa ek yn it Drents-Friese Wold. Boskwachter Jantsje Bijmholt leit út wat de bedoeling dêr is.

YM: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

  • YM: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Hjoed: Sake Mink fan Wurdum.

"We hebben de luxe om de krenten uit de pap te halen"

  • "We hebben de luxe om de krenten uit de pap te halen"

Jo keunst skinke oan in museum, dat kin. Mar jo kinne it ek skinke oan in stichting, bygelyks de Ottema Kingmastichting, dy't it dan wer útliene kin oan musea.
Sa krige Museum Belvédère prachtige skilderijen yn brûklien. Op dizze wize kin unyk wurk toand wurde. En foar de partikuliere kollektioneur is it in gerêststelling dat de samling goed te plak is.

Sjouke Lousma ûnderweis (1685)

  • Sjouke Lousma ûnderweis (1685)

Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út. Fan 'e moarn is hy op Swarte Hoanne , dêr't hy de âld-masjinist fan it eardere gemaal treft.

De miening fan ...Gerrit Breeuwsma

Alle sneinen yn it Buro in kollum, hjoed fersoarge troch ûntwikkelingspsycholooch Gerrit Breeuwsma.

Just Jim

  • Just Jim

Just Jim is de artystenamme fan Jim Sluiter fan Drachten. Hy ferûngelokke dizze hjerst yn Barcelona, 19 jier âld. We sochten syn heit en mem op. Jan Sluiter en Regina Bijlsma fertelle oer Jims dreamen, syn libben en syn dea, dêr't se noch altyd fragen oer ha. http://www.justjimmusic.com/
https://www.facebook.com/justjimmusic

De minút fan Nyk

  • De minút fan Nyk

Skriuwer Nyk de Vries makket ferhaaltsjes fan ien minút: ultrakoarte ferhalen. Hjoed: Tweebaksmarkt.
http://www.nykdev.nl/

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
(advertinsje)