Buro de Vries fan 29 april 2018 11:00

    * Foppe Dupon (95 jier) fan Garyp fertelt oer syn ûnderfiningen yn kamp Amersfoort * YM Freark Jan Kalsbeek * Oersjoch fan de wike * Nijsfoarum mei Houkje Rijpstra, Yntze de Vries en Kees van Mourik.

    "En doe wie ik net mear Foppe Dupon, mar nûmer 13615"

    Foppe Dupon fan Garyp is 95 jier en hy hat it drok dizze wiken. Hy fertelt syn ferhaal oer de oarloch foar groepen skoalbern. Hy docht dit om it boadskip oer te bringen dat oarloch ferskriklik is en dat we yn de wrâld derfoar soargje moatte soene dat der gjin oarloch mear is.
    Fan 'e wike wie Dupon yn syn eigen doarp Garyp om oan groep 8 fan de Wrâldpoarte te fertellen wat hy belibbe hat yn de lêste jierren fan de oarloch.

    YM: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

    Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Freark Jan Kalsbeek.

    Oersjoch fan de wike

    Makke troch René Koster.

    Nijsfoarum mei Houkje Rijpstra, Yntze de Vries en Cees van Mourik

    11:10 - Maroon 5 - Sunday Morning
    11:41 - Ed Sheeran & Beyonce - Perfect Duet
    11:46 - Twarres - De Juste Snaar
    12:08 - Suzanne Vega - Luka
    12:17 - James Bay - Us

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)