Buro de Vries fan 28 septimber 2014 11:00

* Frustraasje oer Van Gogh Museum * Sitewaasje yn Oekraïne * YM Jan Bouwhuis * Klimaat-tûk produseare * Kollum Gerrit Breeuwsma * Underweis *

Klimaat-tûk iten produseare

Op de klimaattop ôfrûne tiisdei yn New York wie in protte omtinken foar it driigjende itenstekoart. Nederlân spilet hjir in wichtige rol yn en yntrodusearre tiisdei in alliânsje dêr't 75 lannen en organisaasjes yn meidogge. Dy alliânsje moat stimulearje dat der folle mear gebrûk makke wurdt fan 'klimaatslimme' lânbou. As de itensproduksje yn de wrâld net feroaret, dan ha we yn 2050 in tekoart fan 70% oan iten. In bedriuw yn Fryslân dat him dwaande hâldt mei klimaat-tûke lânbou is Living Foods yn Jelsum. Eigener is Timo ter Voort.

YM: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Hjoed: Jan Bouwhuis.

Het is als een slager die zijn eigen vlees keurt

"Een Van Gogh is echt als het museum het zegt". It wie de kop fan in grut artikel yn it NRC twa wike lyn. Oer de frustraasje fan minsken dy't der sels wis fan binne dat se in echte Van Gogh hawwe, mar dy't it skilderij net erkend krije troch it Van Gogh Museum. Haadpersoanen fan it stik binne Klaas en Sophie Elzinga, fan Galerie Kesk yn Warkum. Yn har galery hingje op it stuit fiif reproduksjes fan ûnderstelde Van Gogh's. In 'statement'.

Underweis (1635 (werh.)

Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út.

Kollum: Gerrit Breeuwsma

Alle sneinen yn it Buro in kollum. Hjoed fan Gerrit Breeuwsma, ûntwikkelingspsycholooch yn Grins.

Jacques Monasch oer de sitewaasje yn Oekraïne

De wrâld stiet yn brân, sa liket it wol. Yn de media fjochtsje se om foarrang: IS, Ebola, Gahza, Oekraïne. Mar de lêste wike is it nijs oer IS en Ebola sa prominint, dat berjochten oer Oekraïne bygelyks pas op side 4 te finen binne. Om't dêr lykwols dochs in soad te rêden is, ferskowe wy fan it Buro hjoed de skynwerper wer eefkes nei it easten fan Oekraïne. Dêrfoar moetsje we Jacques Monasch. Dit Snitser Twadde Keamer-lid wenne in skoft yn Oekraïne en hat dêr noch altyd syn kontakten. In petear oer Oarloch & Frede, Nasjonalisten & Seperatisten, en de takomst fan it lân.

Allinne jûnsedysje: Begrave yn de natoer (werh.)

In jier lyn kamen der plannen nei boppe foar in natoerbegraafplak yn Fryslân. Begroeven wurde yn de natoer, it makke ús hjir oan it Buro nijsgjirrich. We makken doe de folgende reportaazje.

Diel dit berjocht op:

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneinen fan 11.00 oant 13.00 oere.
(advertinsje)