Buro de Vries fan 28 oktober 2018 11:00

    * 400 jier De Rottefalle *Harkspul op de planken * Yn Memoriam: Jan Jehannes de Boer * It wykoersjoch * It nijsfoarum mei Aukje de Vries, Patrick van 't Haar en Jouke Douwe de Vries.

    Presintaasje Simone Scheffer.

    400 jier De Rottefalle

    De Rottefalle bestiet 400 jier. It wie fan 't simmer it tema fan it doarpsfeest, mar fierder is der net al te folle oan dien. Wol smiet dit jublileum in moaie 'special' op fan Smelnes Erfskip, it magazine fan de kultuer-histoarykse feriening fan Smellingerlân. Dêryn ûnder mear in tal nijsgjirrige bydragen fan doarpshistoarikus Durk Veenstra mei antwurden op in soad fragen. Lykas hoe ûntsie dit doarp eins? Hoe kaam it oan syn namme? Wêrom rint de feart dêr dea? En wêrom krige De Rottefalle nei de oarloch de status fan 'Foarbylddoarp' en wat hold dat yn? 

    It Buro trof Veenstra foar in slach troch de buorren.

    Yn Memoriam Jan Jehannes de Boer

    Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear werkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Jan Jehannes de Boer.

    Leafdesbrieven

    Brieven skriuwe is net mear fan dizze tiid. We appe, belje of chatte. Inez Timmer en Tsaerd Nauta pakke de brief lywkols wer op. Yn in literêr harkspul lêze se de brieven fan twa minsken dy't mekoar fan jongs ôf kinne en fan mekoar hâlde mar nea in relaasje krigen. In harkspul yn teäter is in útdaging foar de akteurs mar ek foar it publyk. Yn Buro de Vries in foarpriuwke op Leafdesbrieven.

    Oersjoch fan de wike

    Simone Scheffer mei har persoanlike weromblik op de ôfrûne wike.

    Nijsfoarum

    It Nijsfoarum mei Aukje de Vries, VVD-Twadde Keamerlid,

    Jouke Douwe de Vries, listlûker fan S!N yn de nije gemeente Noardeast-Fryslân en

    Patrick van't Haar, sjoernalist by de Ljouwerter Krante

    11:11 - Jackie Wilson - Reet Petite
    11:20 - Revivalists - All My Friends
    12:10 - Mink Deville - Spanish Stroll
    12:18 - Douwe Bob - Shine

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)