Buro de Vries fan 28 novimber 2021 11:00

    - Grietje Dam (80): "Ik kin net sûnder muzyk!";
    - Nije kuiers oer âlde paden yn Waadhoeke;
    - "Ut it Libben": Siebe Annema betinkt Simon Kistemaker;
    - It oersjoch fan de Wike;
    - It Nijsfoarum mei Jenny Douwes, Johannes Kramer en Wieke Wiersma.

    Grietje Dam: "Ik kin net sûnder muzyk"

    Dit wykein soe de Kantorij fan Surhústerfean mei in reüny in punt efter har bestean sette. Dy punt wurdt wol set, mar fan in reüny komt it net. Corona goait de boel yn 't hûndert, lykas al sa'n soad oare saken. Reden om dermei op it hâlden, wie it beslút fan Grytsje Dam-Riemersma (80) om nei hast 35 jier dêr it dirigearstokje del te lizzen. Foar in protte oare leden wie dat oanlieding om der dan ek mar mei op te hâlden. En dêrmei komt in ein oan in heech oanskreaune Kantorij dêr't ek geregeld radio-opnamen fan makke waarden. Oanlieding foar it Buro om dêr by stil stean, troch in petear mei de diriginte en fragminten fan dy opnamen. Dam hâldt trouwens net hielendal op, mar minderet wol it tal koaren dat ûnder har lieding stiet. "Mar salang't it kin, gean ik troch, want ik kin net sûnder de muzyk."

    Nije kuiers oer âlde paden...

    De Frjentsjerter histoarikus Josse Pietersma is dwaande mei in ambisjeus projekt om kilometers oan fergetten kuierpaden yn de gemeente Waadhoeke op 'e nij op de kaart te setten. Op âlde lânkaarten út 1850 steane hûnderten paden dy't dwers troch de greiden hinne. De measten binne net mear te finen, mar Buro de Vries gong mei op syk nei de fergetten paadjes fan Waadhoeke...

    "Ut it Libben" Siebe Annema oer Simon Kistemaker

    Ald-Cambuurtrainer Simon Kistemaker is tiisdei op 81-jierrige leeftiid yn syn wenplak Heemskerk ferstoarn. Kistemaker wie yn it seizoen 1985-1986 ien jier trainer fan de Ljouwerter betelle fuotbalklup. Dat waard gjin sportyf sukses. Cambuur einige dat jier as 19e yn de earste divyzje en Kistemaker moast as trainer plak meitsje foar Fritz Korbach. Simon Kistemaker hat njonken Cambuur ek trainer west fan ûnder mear Volendam, Telstar en De Graafschap. Fan dy lêste klup waard er yn 2016 earelid. Oer him is ek de biografy De Kist - de laatste culttrainer van Nederland ferskynd. Yn de rubryk "Ut it Libben" wurdt Kistemaker betocht troch Siebe Annema, eartiids sjef sport by de Ljouwerter Krante, 

    It wykoersjoch

    De wike fan koarte lontsjes, troch de eagen fan René Koster...

    It nijsfoarum

    Mei oan tafel ditkear:

    * Johannes Kramer, boargemaster fan Noardeast-Fryslân en âld-FNP-politikus;

    Jenny Douwes, ûndernimster en bestjoerslid fan de Jongfryske Mienskip;

    Wieke Wiersma, CDA-steatelid en teamlieder HAVO by skoallemienskip Liudger.

    11:22 - Aura Dione - Song For Sophie
    11:40 - Marina Rossell - Ha Llovido
    11:52 - Syb - Ien Klap
    11:56 - Tom Jones - Help Yourself
    12:08 - Joe Cocker - The Simple Things

    Programma presentator: 
    René Koster

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (Advertinsje)