Buro de Vries fan 28 maaie 2017 11:00

    * Hoe is it mei Jannewietske de Vries * De eangst fan Soerish en Kirsten Badal foar harren dochter Sophie * YM Gerben Sjollema * Nijsfoarum mei Anja Haga, Rendert Algra en Cees van Mourik.
    Presintaasje: René Koster.

    "It hat wol oardel jier duorre foar't ik echt frij wie"

    • "It hat wol oardel jier duorre foar't ik echt frij wie"

    Se stie oan de widze fan Kulturele Haadstêd. Se moast somtiden tsjin de stream op roeie, mar sette troch. Jannewietske de Vries. Ald-deputearre fan de PvdA. No't 2018 tichterby komt en der betiden behoarlike krityk komt op it barren sit de âld-politika op ôfstân. As direkteur fan Floriade 2022. In megaprojekt yn Almere. Hoe is it wurkjen bûten Fryslân en hoe stiet se tsjinoer de krityk dy't loskomt op KH2018. Kin se it loslitte? Simone Scheffer gie nei Almere nei it paviljoen oan de A6. Dêr't yn 2022 in prachtige griene wyk stean moat, mar dat no noch in grutte bouput is.

    De eangst om je bern kwyt te reitsjen

    • De eangst om je bern kwyt te reitsjen

    Lytse Sophie Badal út Ljouwert is 1 jier en hat in grut part fan har libbentsje yn it sikehûs trochbrocht. Se waard berne mei in grut probleem: fan har lever nei har termen siet gjin galwei. Se hat deasiik west en ûnder oaren in levertransplantaasje hân. Wat docht dat mei in heit en in mem? Soerish en Kirsten fertelle yn in oangripend petear hoe't har libben hielendal op 'e kop stiet, wat it mei harren docht en hoe't se har der troch hinne slaan.

    Yn Memoriam

    • Yn Memoriam

    Nijsfoarum

    • Nijsfoarum

    11:08 - Waylon - Lose It
    11:23 - De Kast - In Dreamer
    11:52 - Marvin Gaye - Mercy Mercy Me
    12:08 - Paul Weller - It's Written In The Stars
    12:15 - Dan Auerbach - Shine On Me

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)