Buro de Vries fan 28 juny 2020 11:00

    * hoe sit it mei de earmoede yn Fryslân? * in epilooch fan Cor Waringa * Cor Waringa sprekt syn lêste Yn Memoriam út * it wikeoersjoch * it nijsfoarum mei Elsa van der Hoek (Grien Links), Jochem Jan Zijlstra (CDA) en Marcel Visser (VVD)

    Earmoede yn Fryslân

    Earmoede, it is in tema fan alle tiden. Ek yn ús provinsje libbet in part fan de befolking yn earmoede. Benammen minsken mei in útkearing komme gau yn skulden by in lytse tsjinslach en dan steapelje problemen harren hieltiid mear op. Voedselbanken en oare faak frijwillige helpferlieners dogge harren bêst om te helpen. Dat binne der in hiel soad en se dogge fan alles. Wat fine sy fan de earmoede, wat komme se tsjin? En hoe sit it mei de sifers en it belied? It buro prate mei in ûndersiker fan it Frysk Sosjaal Planburo, Keimpe Anema en mei twa frijwillige helpferlieners yn Snits. Harmen de Wind en Johan Swart fan it UGS, in helporganisaasje foar minsken mei in útkearing.

    In epilooch fan Cor Waringa

    Cor Waringa sprekt yn dizze Buro de Vries syn allerlêste Yn Memoriam út. Hy hâldt der nei njoggen jier mei op. In epilooch.

    Yn Memoriam: Weltsje van der Veen

    Njoggen jier lang spruts Cor Waringa in Yn Memoriam út: in ferhaal oer it libben fan in 'gewoane' Fries of Friezinne dy't koartlyn ferstoarn is. Yn dizze Buro de Vries it lêste Yn Memoriam fan Cor Waringa, dat fan Weltsje van der Veen. 

    it wikeoersjoch

    In persoanlike blik op de ôfrûne wike fan Simone Scheffer

    it nijsfoarum mei Marcel Visser (VVD), Jochem Jan Zijlstra (CDA) en Elsa van der Hoek (Gr. L.)

    It nijsfoarum praat en diskusjearret ûnder lieding fan Simone Scheffer oer de aktualiteit. Fraksjefoarsitter Marcel Visser fan de VVD yn Ljouwert, Jochem Jan Zijlstra fan it CDA yn Waadhoeke en Elsa van der Hoek fan de GrienLinks-fraksje yn Provinsjale Steaten, nimme plak yn it foarum.

    11:08 - Chieftains & Corrs - I Know My Love
    11:41 - Paolo Conte - Gli Impermeabili
    11:53 - Eurythmics - I Saved The World Today
    12:07 - Macy Gray - When I See You

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)