Buro de Vries fan 28 jannewaris 2018 11:00

    Boargemaster Tjeerd van der Zwan fertelt syn famyljeskiednis * We stean yn de rige by opnamen fan 'Fluisterlijn - de film' * YM Kees de Weerd * Nijsfoarum mei Isabelle Diks, Marijke Roskam en Sjoerd Galema. Presintaasje: Geartsje de Vries

    "Dat is je biologische vader, en ik voelde helemaal niks"

    • Tjeerd van der Zwan mei trije fan syn (heal)suskes

    Tjeerd van der Zwan, boargemaster fan It Hearrenfean, wie ien fan de minsken dy't freedtejûn syn ferhaal fertelde mei de winterjûnenocht fan Tryater. In ferhaal oer syn famylje, oer oars wêze en de kânsen dy't hy krige yn Fryslân. In bysûnder ferhaal dat begjint oan de oare kant fan de wrâld.

    De fluisterlijn

    • De fluisterlijn

    Earne begjint it en dêrnij set it troch: it boadskip dat fan minsk ta minsk trochjûn wurdt. Leuk, mar ek spannend: want wat bart der it mei it boadskip? Bliuwt it oerein? Ferstiet elk it wol goed? Wurdt it begrepen? Ynterpreteard, miskien? En sprekt de 'stjoerder' in taal dy't de 'ûntfanger ferstiet'? It risseltaat fan de opmerklike 'fluisterlijn' yn in brûzende kulturele haadstêd yn in persoanlik ferslach fan dielnimmer en kollega René Koster...

    YM: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

    • YM Kees de Weerd

    Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Kees de Weerd.

    Oersjoch fan de wike

    • it wikeoersjoch

    Makke troch Geartsje de Vries.

    Nijsfoarum mei Isabelle Diks, Marijke Roskam en Sjoerd Galema

    • Nijsfoarum mei û.o. Sjoerd Galema

    It nijsfoarum bestiet út twadde keamerlid foar Grien Links Isabelle Diks, deifoarsitter, presintator en mediakenner Marijke Roskam en âld deputearre, boer en VNO-NCW Fryslânfoarsitter Sjoerd Galema. It trijetal praat oer de iepening fan kulturele haadstêd, de fraudearjende boeren en it tekoart oan ûnderwizers.

    11:08 - Snow Patrol - Just Say Yes
    11:21 - Clean Bandit (Ft. Julia Michaels - Miss You
    12:10 - John Waite - Missing You
    12:18 - De Kast & Maaike Schuurmans - Wa't Ik Bin

    Programma presentator: 
    Geartsje de Vries

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)