Buro de Vries fan 28 febrewaris 2021 11:00

    * Wiebe Bouma, de nije lânskipsbaas fan Fryslân: "Wy wurde hjir in 'leefprovinsje"

    * Monique Zwamborn, ûndernimmer dy't corona krige en har heit oan it firus ferlear. "Mijn leven staat stil"

    * it nijsfoarum mei Maarten Goudzwaard, Albert van der Ploeg en Dennis Goedhart

    * Jan Bles oer molke

    Wiebe Bouma: "Fryslân wurdt in 'leefprovinsje'"

    "Fryslân wurdt in 'leefprovinsje', dat ferwachtet Wiebe Bouma, de nije kertiermakker fan Lânskipsbehear Fryslân. "Corona hat ús it nije normaal brocht. Minsken sille yn de takomst folle mear thús wurkje. Dêrom ferwachtsje ik dat Fryslan him ûntwikkelje sil ta 'leefprovinsje'. Fansels sil de ek lânbou in plak hâlde, mar grif oars as no. Ik sjoch hjir de kommende jierren in soad minsken hinne kommen, dy't hjir wenje en wurkje-oan-hûs kombinearje wolle. Dan moatte we der wol om tinke dat der net te folle druk op it lânskip en ús doarpen komt. Wite wenbou-flekken sa as by Mantgum moatte we sjen foar te kommen. Soks soene je ek wol op in oare wize dwaan kinne. Mei mear respekt foar doarp en lânskip."

    Wiebe Bouma begjint moandei, 1 maart, as saneamde 'kertiermakker'. Dy namme hat de funksje foarearst krige om Lânskipsbehear Fryslân, nei in reorganisaasje, wer goed del te setten. Bouma ferwachtet trouwens dat dy titel nei ferrin fan tiid wer gewoan 'direkteur' wurde sil. It Buro kaam, krekt foar't er offisjeel yn syn nije funksje begjint, mei him yn de kunde by in kuier troch Bollingwier, Want dêr is, neffes Bouma, it echte Fryslân noch te sjen...

    Monique Zwamborn

    De diskusjes oer de maatregels oer corona binne folop losbarst. Je soene hast ferjitte dat de sykte op guon minsken ek in ferwoestende ynfloed hat. Sa ek foar Monique Zwamborn. Al 30 jier ûndernimmer yn Ljouwert mei in linzjerysaak. Yn jannewaris gie it mis. Sy krijt corona, tagelyk mei har heit. It libben krijt in dramatyske kear. Heit stjert en Moniek bliuwt mar siik. En dan ek noch in saak dy't stilleit. Se fertelt har ferhaal oan ús.

    Wike oersjoch

    De aktualiteiten troch de eagen fan presintator Simone Scheffer

    11:07 - Bonnie Raitt - I Can't Help You Now
    11:28 - Joan Armatrading - Rosie
    12:06 - Jennifer Warnes - First We Take Manhattan

    Programma presentator: 
    Simone Scheffer

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (Advertinsje)