Buro de Vries fan 28 febrewaris 2016 11:00

Nije Jorwerters (2)* YM Marie Sieperda-Wynia * Studinten mei spylfilm 'Spaak' * Sjouke Lousma ûnderweis * Kollum Tjalling van der Goot * Nijsfoarum

Plannen Jorwert krije foarm

It doarpshûs yn Jorwert soe de kommende fiif jier bewenne wurde moatte troch asylsikers dy't in status krigen ha. Dat is it plan fan in groepke froulju út Jorwert. It doarpshûs is eigendom fan Doarpsnut, dat achter de plannen stiet en de froulju frege hat de plannen út te wurkjen. It Buro folget dit hiele proses fan begjin oant ein. No't de plannen foar de ferbouwing goedkard binne troch Hûs en Hiem, moatte de finânsjes regele wurde en dat is noch in hiele put. Mei-inoar sykje de ynwenners nei mooglikheden om dy ferbouwing te bekostigjen.

YM: Radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

Elts libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei dy gedachte gie Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy sprekt alle wiken in Yn Memoriam út. Hjoed eidet er it libben fan Marie Sieperda-Wynia fan Wommels oer.

'Stilte op de set...... en.... aksje!'

Nei films as 'De schippers van de Kameleon', 'De Hel van 63' en 'Penny's Shadow' is filmmakker Steven de Jong no dwaande mei "Spaak", in film oer drugs en oer hurdfytsen. It bysûndere oan dizze produksje is dat de film makke wurdt mei mar in pear professionals en fierder mei allegear twaddejiers studinten oan de MBO oplieding Media fan de Friese Poort yn Drachten. It Buro wie in middei op de set yn in diskoteek yn Snits.

Sjouke Lousma ûnderweis

Sjouke Lousma reizget troch Fryslân en makket ûnderweis in praatsje mei minsken dy't er tsjinkomt. Dizze kear treft hy twa fiskers by Keimpetille.

It Nijsfoarum

It nijsfoarum skoot ien kear yn de moanne by ús oan. Se jouwe har mienings oer wat der sa al yn de media foarby kommen is. It foarum bestiet út Attje Meekma en Otto van der Galiën. Gastlid is dizze kear boargemaster Roel Sluiter fan Harns.

12:09 - Krystl - Golden Days
12:16 - Inez Timmer - Minsk
12:54 - One Direction - History

Share this page on:

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
(advertinsje)