Buro de Vries fan 28 april 2019 11:00

    * Siebe Bruning waard deasketten troch de Dútsers doe't er it befel om fan syn fyts ôf te stappen net hearde *
    * It Nij Talint-orkest fan fanfare Eensgezindheid fan Tsjerkwert
    * Yn Memoriam: Gerrit Timmermans *
    * it wikeoersjoch *
    * it nijsfoarum mei Maarten Goudzwaard (Forum voor Democratie) Aafke Postma (PvdA Achtkarspelen) en Hilde Wendel (JOVD)

    It Nij Talint-orkest fan fanfare Eensgezindheid Tsjerkwert

    Al ha jo noch nea in toeter fêstholden, oer tsien wiken kinne jo klear wêze om mei in orkest in útfiering te jaan. Dat docht bliken út it suksesfolle projekt 'Nij Talint-orkest'. It giet dan om projekten werby't benammen folwoeksenen yn tsien wiken leare om in blaas-ynstumint te bespyljen. It idee ûntstie sa'n 7 jier lyn yn Starum by fanfare "De Lytse Súdwesthoeke", mar is ek oppakt by korpsen yn bygelyks Warkum, Koudum, Snits, Skylge en Tsjerkwert. Musikus en dirigint Guus Pieksma is de inisjatiyfnimmer en fiert it as ZZP'er ek út foar de ferskate korpsen. Foar nije oanwaaks foar de orkesten waard earder eins altyd allinnich nei de jeugd sjoen, mar ek de groep 'âldere begjinners', blykt in yntressearre nije doelgroep te wêzen. In soad fan dizze nije muzikale talinten, bliuwe ek nei de stoom-kursus by de korpsen belutsen. Ek yn de striid tsjin it it weromrinnende ledetal by in soad HAFABRA-korpsen kinne de Nij Talint-orkesten dus in wichtige funksje ha. It Buro seach by in rippetysje fan it Nij Talint-orkest fan Tsjerkwert.

    Siebe Bruning: oarlochsslachtoffer, ûnderskieden mei de Yad Vashem

    Yn ús rige oer oarlochsslachtoffers hjoed it ferhaal fan Siebe Bruning út Ikkerwâld. Bruning waard deasketten troch de Dútsers doe't er op de fyts siet. Syn pakesizzer Simon Wiersma út Ljouwert hat útsocht wat der krekt bard is.

    Yn Memoriam: Gerrit Timmermans

    Yn Memoriam fiert it libben. Elts libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear werkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Gerrit Timmermans.

    It wikeoersjoch

    It persoanlike oersjoch fan de wike, ditkear makke troch Geartsje de Vries

    It nijsfoarum mei Maarten Goudzwaard, Aafke Postma en Hilde Wendel

    It nijsfoarum bepraat it nijs fan de ôfrûne wike. It bestiet dizze kear út Maarten Goudzwaard fan it Forum voor Democratie, Aafke Postma fan de PvdA Achtkarspelen en Hilde Wendel, de foarsitter fan de JOVD yn Fryslân.

    11:09 - Lior - I'll Forget You
    11:26 - Piter Wilkens - Humphrey's Blues
    11:42 - Robert Palmer - Mercy Mercy Me
    11:54 - Petula Clark - My Love
    12:08 - Crowded House - Chocolate Cake
    12:17 - Suzan & Freek - Als Het Avond Is

    Programma presentator: 
    Geartsje de Vries

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)