Buro de Vries fan 27 oktober 2019 11:00

    Oer dizze útstjoering is gjin spesifike ynformaasje beskikber. Klik hjir foar programma-ynformaasje

    Theo Mulder fan Kollumersweach: "Tûk buorkjen, dat is de takomst"

    Theo Mulder fan Kollumersweach: "Tûk buorkjen, dat is de takomst"

    Minder sâlte keunstdong, minder swier materieel en mear krûden en grienbedongje, dat is it buorkjen fan de takomst, neffens Theo Mulder fan Kollumersweach. "Fernijend is dat trouwens hielendal net, want sa waard dat eartiids ek al dien." Theo Mulder is foeraazjehanneler en al mear as 25 jier dwaande mei it tema 'sûne grûn'. Hy publisearret dêroer en jout rûnom lêzingen en presintaasjes. "Nei de oarloch moast de produksje omheech en der wie mar ien boadskip, soks koe allinnich mei keunstdong. Sa ha ik it op skoalle ek leard. Om't gelearde minsken dat seinen, wie it sa. Mar stadichoan komme we derefter dat it oars moat. En de natoer jout sels wol oan hoe."

    Troch de aktuele problemen om stikstof en CO2 hinne, krijt syn ferhaal hieltyd mear omtinken en troch de heldere foarbylden sprekt it ek mear minsken oan. 'De boaiem as sympony', 'De wjirm as kultivator', en 'Van verdienmodel nei dien-model': Mulder brûkt de útspraken om de rykdom fan de boaiem oan te jaan en de kânsen foar de takomst. "Wy binne pake en beppe wurden en dan sjogge jo noch sterker dat we foar de takomst tûker mei de wrâld omgean moatte!"

    www.mulderagro.nl 

    Josse Pietersma hat jierren wurke oan de strip Jelmer oer in Fryske krúsfarder

    De Fryske Jelmer is ien fan de tûzenden krúsfarders dy't yn 1218 de Egyptyske havenstêd Damiate belegeren. Mei hûnderten oare Friezen is hy fan Fryslân út nei de Nijl syld. Damiate is in tige sterke festing mei midden yn de Nijl de machtige 'Kettingtoer'. Neffens krústochtprediker Olivier van Keulen is krekt Jelmer roppen om dizze toer te feroverjen. Se betinke in fantastysk oanfalsplan, mar tagelyk slacht by Jelmer de twifel ta: wat hawwe de Friezen yn Godsnamme yn Egypte te sykjen? 

    Dit is yn it koart de ynhâld fan de strip Jelmer, dy't alle sneonen yn de Ljouwerter Krante stiet. De strip is no ek bondele en as stripboek útjûn. It earste diel is klear, it twadde komt ynkoarten út. Buro de Vries makke in lûdsbyld fan guon stripsênes en prate mei de skriuwer: histoarikus Josse Tiemersma: 

    It nijsfoarum

    Yn it nijsfoarum wurde de aktualiteiten fan de ôfrûne bepraat troch trije foarumleden. Dizze wike binne dat Sjoerd Galema fan it VNO\NCW, Irene Overduin, sjoernalist fan de LC en Tineke Clevering fan de partij Water Natuurlijk Fryslân yn it Wetterskip Fryslân. Hoe sjogge de foarumleden oan tsjin de Stikstof en FPas problematyk, wat fine se fan de Brexitperikelen? Dy ûnderwerpen en mear komme oan de oarder.

    11:05 - Corrs - Old Town
    11:22 - Mosken - Juf
    11:41 - Jamiroquai - Virtual Insanity
    11:51 - Jonathan Jeremiah - Good Day
    12:08 - Travis - Why Does It Always Rain On Me
    Programma presentator: 
    Simone Scheffer

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)