Buro de Vries fan 27 maaie 2018 11:00

    * Ida Hylkema út It Heidenskip skreau in boek oer har omke dy't as misjonaris by de Papoea's yn Nieuw Guinea wurke * Hy hat hiel wat út de wei set en hat fan grutte betsjutting west foar Fryslân, mar hy is kwealik bekend: Sjouke de Zee fan Jirnsum * Nijsfoarum mei Otto van der Galiën, Yvonne Bleize en Bearn Bilker * Presintaasje: Geartsje de Vries

    Pater ûnder de Papoea's

    • Ida Hylkema oer har boek Pater onder de Papoea's

    Ida Hylkema fan it Heidenskip skreau in biografy oer in kleurrike en eigensinnige pater: Pater onder de Papoea's. Hy wie har omke en se socht him op yn Nieuw Guinea yn 1991.

    Wa wie Sjouke de Zee?

    • Sjouke de Zee

    Nei it evenemint Jirn-summertime, dat tongersdei losbarst yn Jirnsum, moat elkenien Sjouke de Zee kenne. Sjouke de Zee wie in Jirnsummer dy't libbe yn it begjin fan de foarige iuw. As er hjoeddeidei libbe hie, hie't in bekende Nederlander west, sa tinke de organisatoaren fan Jirn-summertime. Wat wie der dan sa bysûnder oan dizze man frege it Buro him ôf. In pakesizzer, dy't ek Sjouke de Zee hjit wennet yn Akkrum. Hy is ûnderwilens 89 jier. Doe't Ed den Dulk fan Jirnsummertime by him en syn frou Wokke op besite wie, wie it Buro der ek.

    YM Binne Katsma

    • YM Binne Katsma

    Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Binne Katsma. 

    Oersjoch fan de wike

    • Oersjoch fan de wike

    Makke trocg Geartsje de Vries

    Nijsfoarum mei Otto van der Galiën, Yvonne Bleize en Bearn Bilker

    • Nijsfoarum fan 27 maaie 2018

    Otoot van der Galiën - Lijst 58

    Yvonne Bleize - direkteur Neushoorn, mediator, coach

    Bearn Bilker - boargemaster Kollumerlân

    11:11 - Snow Patrol - Just Say Yes
    11:44 - Vangrail - Libben Nei De Leafde
    12:10 - Tom Petty - Learning To Fly
    12:18 - Bananarama - Venus

    Programma presentator: 
    Geartsje de Vries

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)