Buro de Vries fan 27 july 2014 12:00

Buro de Vries is der dizze snein mar ien oerke. Tusken 12:00 en 13:00 oere nimme we jo wer mei nei Frankryk. Yn maaie makken wy in rûnreis troch Frankryk by Fryske emigranten del.

Jan Zuurbier

We binne yn Bretagne op besite by de famylje Zuurbier. Ferline wike ha je it ferhaal fan Kees en Sytske Zuurbier hearre kinnen. Hjoed komme je yn 'e kunde mei de oare bruorren en sus Zuurbier. We begjinne moarns by Jan. Hy hat yn Wageningen studearre en hat niget oan de fokkerij. Syn kij bin noch altyd swart-wyt. De keallen drinke yn groepkes fan fjouwer by ien ko. Jan is troud mei in Fransêze en hat trije bern.

Fiif fan de sân emigrearden nei Bretagne

We treffe tusken de middei ek de âldste broer Jaap en syn frou Lutske. Meielkoar ite we Bretonske crêpes. Under it iten giet it oer it âlderlik hûs, de earste jierren yn Bretagne en de 'werktuiggroep'. De fjouwer bruorren diele foar in part it grut ark.

De jongste fan it stel

Jeroen is de jongste broer mar mei it measte lân. Hy hat it smoardrok want it is no moai waar en it lân moat klear. Hy hat eins gjin tiid om ús efkes te wurd te stean. Wy sykje him op wylst hy op it lân oan it wurk is. As we om ús hinne sjogge ha we in moai sicht op it lân fan him: it is oeral om ús hnne. Syn broers ha him oerhelle ek biologysk te wurkjen. Hy skytskoarre der earst wat tsjin oan. Hy is, sa't er sels seit, wat rûger as syn broers.

Monique Zuurbier

Monique Zuurbier en har man Rudi de Koning hiene blommekassen yn Harns. De gemeente woe de grûn graach hawwe en sa begûnen Monique en Rudi nei te tinken oer har takomst. Mei fakânsjes kamen se fansels regelmjittich yn Bretagne en Rudi, in echte hynsteman, hie altyd al belangstelling foar bisten. Fiif jier lyn hakten se de knoop troch en ferhuzen mei har bern nei Frankryk. We helje mei Monique de kij op en wylst Monique útein set mei melken ride wy fierder nei Jeroen.

Diel dit berjocht op:

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneinen fan 11.00 oant 13.00 oere.
(advertinsje)