Buro de Vries fan 27 jannewaris 2019 11:00

    Oer dizze útstjoering is gjin spesifike ynformaasje beskikber. Klik hjir foar programma-ynformaasje

    Nije sjongbondel 'Hertslach' foar 80-jierrige Hindrik van der Meer

    170 'lieten om út te sjongen', sa wurdt de nije Fryske sjongbondel 'Hertslach' omskreun. It giet om nije lieten dy't goed te brûken binne yn tsjerken njonken de bekende psalmen en gesangen. Der binne benamme lieten fan Hindrik van der Meer en Eppie Dam yn de bondel te finen, mar it ferskaat is grutter. It inisjatyf ta de bondel is naam troch it Kwartettekoar, dêr't Hindrik van der Meer al tolve jier as dirigint foar stiet. It kin sjoen wurde as in kado oan de dirigint, dy't dit hiele jier noch mei it koar in ôfskiedstoernee troch de provinsje makket. Dêrnei wol Van der Meer in punt sette efter de aktiviteiten foar it koar. It Buro liet him troch Van der Meer byprate oer de bondel, it koar, syn muzikale neilittenskip en de takomstplannen.

    Túnfûgels telle

    Tsientûzenen fûgelleafhawwers sjogge dit wykein in healoere op it balkon of yn 'e tún om te sjen hoefolle fûgels dêr rûnfleane. Dizze nasjonale telling is bedoeld om alle túnfûgels yn kaart te bringen. Sa kin der besjoen wurde watfoar fûgels der no in soad foarkomme en watfoar no krekt net. De fûgelbeskerming makket fierder mei help fan dizze gegevens in túnfûgel top 10. Ek yn Fryslân dogge fûgelleafhawwers mei oan de telling. Ien fan dy tellers is Hanneke Bouwman út Tersoal. Tegearre mei har bern Anne Rixt (11 jier) en Foke Marij (8 jier) telle sy ûnder de útstjoering fan Buro de Vries, harren túnfûgels. 

    Dieuwke van der Honing en Harry van der Velde binne túnfûgelkonsulinten. Sy fertelle hoe't jo jo tún sa ynrjochtsje kinne dat der mear fûgels komme.

    Yn Memoriam Sjierk Overal

    Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear werkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Sjierk Overal.

    It oersjoch fan de wike

    It tige persoanlike oersjoch fan de wike troch de eagen fan René Koster....

    It nijsfoarum mei Immie Jonkman, Max Aardema en Anton de Haan

    It nijsfoarum diskussearret oer it nijs fan de ôfrûne wike. It nijsfoarum bestiet dizze wike út Max Aardema, listlûker foar de PVV provinsjale steaten, Anton de Haan: abbekaat mei as spesjalisaasje asylsaken en Immie Jonkman, media- en evenementen frou.

    De ûnderwerpen dêr't oer praat wurdt binne:

    - it klimaatakkoard en de tûzenden 'klimaatspijbelaars"yn Brussel

    - it bernepardon dat neffens in soad politike partijen ferromme wurde moat

    - de waadferiening dy't net wol dat der noch grutte kontenerskippen boppe de waadeilannen farre

    11:09 - Van Morrison - Did Ye Get Healed
    11:26 - Gurbe Douwstra - Yn In Doarp As De Pein
    11:42 - Wilson Phillips - Hold On
    12:08 - Robbie Williams & Trevor Horne Ft. Sarm Orchestra - Everybody Wants To Rule The World
    12:17 - Tet Rozendal - Om 'e Moanne Hinne

    Programma presentator: 
    Geartsje de Vries

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)