Buro de Vries fan 27 desimber 2020 11:00

    De moaiste 'Frisse Noas' ferhalen 

    Jonge opinymakkers sjogge werom op 2020 en foarút nei 2021

    De moaiste 'Frisse Noas' ferhalen

    It jier 2020 sil de skiednisboeken yngean as it jier fan de corona. Doe't Rutte by de earste lockdown melde dat we sa folle mooglik thúsbliuwe moasten en der eins allinnich noch út mochten foar 'in frisse noas', wie dat feitlik it begjin fan in nije rubryk. Spontane moetings dy't kollega René Koster rûnom yn de provinsje mei in ferskaat oan Friezen hat. Mei de mikrofoan op in stôk fan oardel meter. In kompilaasje fan dy petearen.

    Jonge opinymakkers oer 2020 en 2021

    Mei fjouwer jonge opinymakkers sjogge we werom op it jier 2020. Ferline jier diene we dat mei deselde fjouwer jonge Friezen:

    Fardau Procee, PvdA-er yn Den Haach., Tieneke Clevering, Wetterskipsbestjoerder, Wytse Dijkstra, as programmeur aktyf yn de kulturele wrâld en Eke Folkerts, earder foarsitter fan de Agraryske Jongeren Fryslân.

    Wat ferwachten se ferline jier fan 2020? Wat is der fan útkommen? Beskôgjend en filosofearjend eidzje wy it jier oer. 

    11:07 - Disturbed - Sound Of Silence
    11:22 - Jacqueline Govaert + Fernando Lame - Abraca Me / Omhels Me Dan
    11:35 - Andre Rieu - The Second Waltz
    11:48 - Gerrit Breteler - Lit Us Derom Drinke
    12:08 - Liesbeth List & Ramses Shaffy - Pastorale

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (Advertinsje)