Buro de Vries fan 27 augustus 2017 11:00

    11:00-12:00 oere; Peareltsjes út it argyf, mei dizze snein: Fisker Sjoerd de Wit is ophâlden, de striid tsjin Vermilion yn Oranjewâld en Mijn Tafel.
    12:00-13:00 oere: Ferhalen fan it Waad
    De "Ferhalen fan it Waad' binne ek as podcast werom te finen op dizze side. Sjoch ûnder it kopke RADIO.

    Ferhalen fan it Waad: De wûnderpoppe fan Roptasyl

    • Ferhalen fan it Waad: Roptasyl

    Rotptasyl. It is mar in stipke oan de waadkust by Harns, mar dochs witte in soad minsken fan it bestean. Miskien fanwege it gemaal dat dêr stiet, of de fiskhevel dy't glêsiel de kâns jout om it swiete Fryske wetter yn te kommen. Mar echt lanlike bekendheid kaam der troch it 'Wûnder fan Roptasyl', no 16 jier lyn. Majella en Klaas Kuiken, doe beiden al om de 50 hinne, krigen folslein ûnferwacht noch in poppe: Maike Jildou. Nei publikaasjes yn tsientallen media stie it lân op 'e kop. Fan oeral op 'e wrâld kamen kaarten, kadootsjes en blommen foar de wûnderpoppe fan Roptasyl. Nei 16 jier sjogge we werom mei heit, mem en dochter

    "Ik gean it havengat nea wer út. It is oer"

    • "Ik gean it havengat nea wer út. It is oer"

    De HA-18 is ferkocht. Nei mear as fyftich jier wie it yn febrewaris dit jier klear. Garnalefisker Sjoerd de Wit fan Harns hold der mei op. Net stadich oan wat minderje, mar radikaal. Fan de iene dei op 'e oare. We troffen de markante Harnzer fiskerman oan yn de Suderhaven dêr't syn kotter altyd lei, alteast: as se net op see wiene.

    Ik ben niet tegen gaswinning, maar dat we het niet wisten!

    • Ik ben niet tegen gaswinning, maar dat we het niet wisten!

    Tiisdei 11 april moast Gaswinningsbedriuw Vermilion ophâlde mei it winnen fan gas út put nûmer 3 by Langsweagen. It fielde wol in bytsje as in oerwinning foar Sofia Grondman fan Oranjewâld. Doe't sy yn febrewaris hearde dat der ûnder har wyk Skoatterwâld gas út de grûn helle waard, sûnder dat se dat wist, dûkte se yn de matearje. Har kompjûter barst yntusken fan de offisjele stikken en kaartsjes mei kontoeren fan gaswingebieten.

    Mijn Tafel

    • Mijn Tafel

    Inisjatyfnimmer Marlies van Steen

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)