Buro de Vries fan 26 oktober 2014 11:00

* Marten Cornel oer de malêze yn de bou * Werom Pytsje natoergids wurdt * Leafdesbrief út 1811 * Kollum Tjalling van der Goot * Yn Memoriam troch Cor Waringa * Hylke Speerstra lêst foar *

Natoergids Pytsje Bokma oer har plakje: De Gouden Boaiem

Geregeld hearre we -ek yn dit programma- dat der IVN-ekskursjes organisearre wurde ûnder lieding fan in gids. Mar hoe wurde je dat, natoergids? No, dêr bin spesjale kursussen foar!
Yn Sûdwest-Fryslân bin se krekt wer útein setten mei mar leafst 30 dielnimmers. Ien fan har is de 29-jierrige Pytsje Bokma fan Smelbrêge, of better; fan 'De Gouden Boaiem', it eilân yn it iepen lân tusken Heech en Wâldsein. Wa't mear witte wol oer it IVN en de oplieiding ta natoergids kin telâne op www.ivn.nl

Yn Memoriam: Bouke Pruiksma

Cor Waringa betinkt Bouke Pruiksma.

In leafdesbrief út 1811 as argyfstik fan it jier?

Oktober is de moanne fan de skiednis en de Nederlânske Argiven - DNA - organisearje yn it ramt fan dy skiednismoanne in ferkiezing. "De stuk van het jaar" ferkiezing. Ferline jier is dat foar it earst dien en dus no opnij. Ferline jier helle Tresoar mei de ynstjoering "de bloedvlek" in tredde plak. Dit jier hat Tresoar in leafdesbrief ynstjoerd.
Oant sneintejûn (26 oktober 2014) 18:00 oere kin der noch stimd wurde. Yn de lêste tuskenstân stie Tresoar earste, dat it is hiel spannend! Ek it Histoarysk Sintrum Ljouwert hat in argyfstik ynstjoerd: in ekstrakt fan de akte fan ferstjerren fan Mata Hari. Stimme kin op www.onsdna.nl/tresoar

Hylke Speerstra lêst foar út nij wurk

'Op klompen troch de Dessa' it nije boek fan Hylke Speerstra, leit begjin novimber yn de winkel. In boek mei ferhalen fan âld Ynje-striders. Speerstra lêst in fragmint foar út it ferhaal Wolkom yn it âldershûs

Kollum fan Tjalling van der Goot

Advokaat Tjalling van der Goot jout ien kear yn de moanne syn miening oer in aktueel ûnderwerp.

'Ik lis der noch wol wekker fan'

It bin noch altyd ûnwisse tiden, ek ekonomysk sjoen. Soms hearre jo optimityske lûden, mar yn de praktyk blykt dat dan geregeld wer ôf te fallen. De bou is altyd wol in aardige 'graadmjitter': as de ekonomy ècht oanlûkt, is it dêr te fernimmen. It Buro gong dêrom nei De Jouwer foar in petear mei Marten Cornel. Cornel hat dêr al jierren in eigen boubedriuw en is lanlik bestjoerslid fan de koepel fan boubedriuwen, 'Bouwend Nederland'.


12:29 - Nash Crosby, Stills & Young - Our House
12:40 - Tee-Set - She Likes Weeds
12:47 - Deep Purple - Black Night
12:51 - James Brown - Sex Machine
Diel dit berjocht op:

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneinen fan 11.00 oant 13.00 oere.
(advertinsje)