Buro de Vries fan 26 novimber 2017 11:00

* Unike opnamen fan Rink van der Velde en werom fine we it Bokwerds sa leuk * Meifarre op iepen see op 'De Holland' * YM Jannie Wijnsma * Nijsfoarum mei Otto van der Galiën, Aaltsje Rispens en Mirka Antolovic. Presintaasje: René Koster.

Skiednis en takomst Bokwerder taal: "It is oan it útstjerren"

It Bokwerds bliuwt ús boeien. Sjoch mar nei de foarstelling "Bokwerd Kulturele Hoofdplaats 2018" dy't op it stuit spilet. De werkenberheid fan wat der spilet op in lyts doarp yn kombinaasje mei it Bokwerds, Nederlânsk grôtfol frisismen lit ús faaks glimkje. Dizze reportaazje giet oer it ûnstean fan Bokwerd, oer de hâldberheidsdatum fan it Bokwerds en begjint mei unyk materiaal: in âlde opname fan de haadredakteur fan it Bokwerder Belang.

Unike bânopname fan Rink van der Velde

Doe't radioman Herry Kuipers fan Ljouwert syn argyf opromme, fûn hy in bân mei âlde opnamen fan Rink van der Velde. It aardige oan de opname is dat Van der Velde net ynterviewd wurdt as himsels, mar as haadredakteur fan it Bokwerder Belang. Fan 1970 oant 1992 fersoarge Van der Velde de rubryk Bokwerder Belang yn de Ljouwerter Krante: ferslagen fan in fiktyf doarpsbelang skreaun yn it Nederlânsk dat fol siet mei frisismen. Kuipers ynterviewde Van der Velde doetiids foar in literêr programma fan de KRO. Harkje nei de orizjinele opname.

Seeskonken teste op 'De Holland"

YM: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Jannie Sjollema-Wijnsma.

Oersjoch fan de wike

Makke troch René Koster.

Nijsfoarum mei Aaltsje Rispens, Mirka Antolovic en Hayo Bootsma

11:08 - Bob Sinclar - Love Generation
11:22 - Charlie Puth - How Long
11:43 - Grytz & Grize - Bliuw By My
11:53 - Hanson - Mmmbop


12:07 - Hans De Booy - Annabel
12:14 - Leonie Meijer - Life Goes On

Share this page on:

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneinen fan 11.00 oant 13.00 oere.
(advertinsje)