Buro de Vries fan 26 maart 2017 11:00

    * Wat dogge de manlju fan de Ald Hij no't se net aaisykje meie? * Annagreet Miedema oer har NL-Award winnende produksje oer har burn-out * YM Bonne van der Kooij * Nijsfoarum mei Bouwe de Boer, Betty de Boer en Rendert Algra.
    Presintaasje: Geartsje de Vries

    "Dy natoer dat is ús alles"

    • "Dy natoer dat is ús alles"

    97 jier bestiet aaisikersklup 'De âld Hij' al. In selekt groepke fjildminsken dat yn in fûle ûnderlinge kompetysje alle jierren útmakke, wa't him de 'keizer fan de maitiid' neame mocht. Mar it aaisykjen is net mear wat it west hat. En de ljip wit de Fryske greiden hieltyn minder te finen. Wat docht dat mei de manlju fan dizze klup, dy't stiif stiet fan tradysjes? Kollega René Koster luts de learzen oan en teach mei boer en Ald Hij-lid Pieter Siksma by Dearsum it fjld yn.

    Jong opbaarnd

    • Jong opbaarnd

    Annagreet Miedema wie 20 jier doe't se in burn-out krige. Se hie nea tocht dat it har oerkomme koe, dat je sa jong al opbaarnd wêze kinne. Se makke der in radiodokumintêre oer en ûntduts dat se lang net de iennige is dy't dit oerkomt en dat in groeiend maatskiplik probleem is dêr't skoallen en helpferlieners noch net op taret binne. De radiodokumintêre fan Annagreet wûn ôfrûne woansdei in NL-Award: in jierlikse priis foar produksjes fan regionale omroppen.
    https://jongburnoutblog.wordpress.com/

    YM: Radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

    • YM: Radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

    Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Bonne van der Kooi fan Ryptsjerk.

    Nijsfoarum mei Betty de Boer, Bouwe de Boer en Rendert Algra

    • Nijsfoarum mei Betty de Boer, Bouwe de Boer en Rendert Algra

    It foarum bestiet út Bouwe de Boer, enerzjygoerû fan de gemeente Ljouwert en no útlient oan Kulturele Haadstêd
    Betty de Boer, oant tongersdei twadde keamerlid foar de VVD
    Rendert Algra, foarsitter fan it BFVW en CDA-er

    It nijsfoarum praat en diskusearret oer it nijs fan de ôfrûne wike. De ûnderwerpen dy't se by de kop ha:
    - de regearingsformaasje, hat in koalysje fan VVD, CDA D66 en Grien Links kâns fan slagjen?
    - Wannear kin Nederlân sûnder fossile brânstoffen en enerzjy?
    - Heart Skiermûntseach by Fryslân of Grinslân?
    - Is it terjochte dat de tabaksyndústry foar de rjochter komme moat?
    - Hoe winselik is de simmertiid?
    - Hoe krije we mear manlju foar de klasse?

    Wikeoersjoch

    • Wikeoersjoch

    Dizze wike makke troch Geartsje de Vries.

    11:09 - Daniel Powter - Jimmy Gets High
    11:23 - Corrs - Runaway
    11:27 - Piter Wilkens - Oeral Thus
    11:40 - Wiebe - Make Me Yours
    11:52 - Real Thing - You To Me Are Everything
    12:10 - Robin Thicke Ft. T.I. & Pharrell - Blurred Lines
    12:18 - James Taylor - Little More Time With You

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)