Buro de Vries fan 26 maaie 2019 11:00

    * op de fyts troch 'de Oerpolder' mei in audio-app as gids * it Buro prate mei krekt foar't er ferstoar mei keunstner Zoltin Peeter * Yn Memoriam: * it wikeoersjoch * it nijsfoarum mei Aukje de Vries (VVD), 

    'Ekspedysje Oerpolder": op de fyts troch it Heidenskip

    "Ekspedysje Oerpolder" dat is de namme fan in fytstocht troch it Heidenskip. In hiel moai stikje Fryslân, mei in bysûndere skiednis. Mei in app op de telefoan kin je dy ferhalen hearre. De app is in soarte fan gids, dy't meifytst. It Buro wie nijsgjirrich, montearde de fytsedrager op de auto, sette de fyts derop en sette ôf nei Warkum. By museum "it Warkums Erfskip", dat festige is yn de Waag, is it startpunt fan de fytstocht en dêr hie ik ôfpraten mei Gerrit Twynstra, in Heidenskipster dy't meifytse soe. Nei 't we kennis makke hiene, en in bakje kofje, setten we de app oan.

    Ofskied fan in bysûndere keunstner: Zoltin Peeter

    Ferline wike ferstoarn keunstner Zoltin Peeter. Zoltin Peeter waard berne as Peter Zwier yn 1942 yn Amsterdam. Syn heit wie keunstskilder Dick Zwier, mar omdat Peter net bekend wurde woe as 'de soan fan' betocht hy in eigen namme. Yn de jierren 70 kaam hy nei Fryslân, doe't er in plak socht mei romte en stilte. De earste tsien jier hat er yn Eastrum wenne, dêrnei ferhuze er nei Hallum, dêr't er 33 jier wenne hat. Yn 2010 krige hy de Gerrit Bennerpriis, de belangrykste priis foar byldzjende keunst yn Fryslân. It Buro hie foar't er dit libben ferliet, in petear mei him. 

    Yn Memoriam: Benny Mulder

    Yn Memoriam fiert it libben. Elts libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear werkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Benny Mulder..

    it wikeoersjoch

    De ôfrûne wike troch de eagen fan René Koster

    it nijsfoarum mei Aukje de Vries (VVD), Jan-Willem Tuininga (FNP) en Jaap Stalenburg (PvdA)

    11:10 - Wouter Hamel - Don't Ask
    11:29 - Sanman En Sikke - Cesilia Tan
    11:48 - Rene Klijn - Mr. Blue
    12:08 - Pet Shop Boys - New York City Boy
    12:18 - Pink - Walk Me Home

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)