Buro de Vries fan 26 maaie 2013

It Buro dûkt dizze wike yn de skiednis fan Hindoestanen yn Fryslân. Se fiele har noch altyd tige ferbûn mei har foarâlden dy't as saneamde 'kontraktanten' fan Yndia nei Suriname gongen. Us Kultuersnuvers bûge har oer "Stofsûgersjongers", Sjouke Lousma is yn Berltsum, Tjalling van der Goot oer Frysk yn de rjochtseal en we ite ynsekten.

Mmm lekker, ynsekten!

In stikje bôle wie mei tsiis of ham. Of miskien in bakje yochert mei fruit. Grutte kâns dat dit fan 'e moarn jo moarnsbrochje wie. Yn oare lannen dogge se dat oars. Yn Azië bygelyks begjinne se moarns mei in bakje moalwjirmen of in lekker farsk boardsje sprinkhoannen. De Verenigde Naties fynt dat wy dat ek dwaan moatte, omdat it iten fan ynsekten minder skealik is foar de natoer as it iten fan in karbonade. Yn Fryslân is der ien kok dy't foarop rint yn it iten fan ynsekten. We sochten masterkok Albert Kooy op...

YM

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Hjoed: Syb Valk.

De Kultuersnuvers

Foar it lêst foar't we de simmer yngeane komme de Kultuersnuvers byelkoar. Hjoed om it boek "Stofsûgersjongers/Stofzuigerzangers" te bepraten, dat koartlyn útjûn is troch de Afûk. Arjanne Nijp praat deroer mei Jan Veninga fan Goutum en Marjan Faber fan Snits.

Underweis 1667

Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út. Fan 'e moarn is hy yn Berltsum. In marinier is dêr de baas op it tsjerkhôf.

Kollum

De wyklikse kollum wurdt hjoed fersoarge troch advokaat Tjalling van der Goot: Frysk yn de rjochtseal.

Hindoestanen yn Fryslân

De Hindoestanen yn Fryslân fiele har noch altyd tige ferbûn mei har foarâlden dy't fanút Yndia nei Suriname gongen. Harren, faak earme, pakes krigen wurk op de plantages. Net as slaven, mar as saneamde "kontraktanten". Op 26 febrewaris 1873 fear it earste skip fan Calcutta nei Paramaribo. Sa gongen der oant 1916 rom 34.000 Hindoestanen nei Suriname. Hjir yn Nederlân binne se noch altyd grutsk op har taal en kultuer.

Minút fan Nyk

Skriuwer Nyk de Vries makket ferhaaltsje fan ien minút: ultrakoarte ferhalen. Hjoed: Tiger.
http://www.nykdev.nl/

Share this page on:

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneinen fan 11.00 oant 13.00 oere.
(advertinsje)