Buro de Vries fan 26 juny 2016 11:00

Nije Jorwerters: doarpshûs Jorwert is in nij thús foar in Syrysk gesin * YM Otte Schuurmans * Botte Jellema siket Fries om utens Jeroen Schaap op * Lêste Sjouke Lousma Underweis * Kollum Bart Kingma * Nijsfoarum

It doarpshûs fan Jorwert is no wenhûs foar Syriërs

Fan jannewaris ôf folgje we de ynwenners fan Jorwert yn har stribjen om fan it doarpshûs in wenhûs foar flechtlingen te meitsjen. De fraach wie oft it slagje soe om noch foar de simmer in flechtlingegesin wolkom te hjitten. En dat is slagge. Hjoed de lêste fan in rige fan seis reportaazjes oer dit inisjatyf.

YM: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

Elts libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei dy gedachte gie Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy sprekt alle wiken in Yn Memoriam út. Hjoed eidet hy it libben fan Otto Schuurmans fan Grou oer.

Jeroen Schaap goaide it roer om, mar ek wer in bytsje werom

In prachtige karriêre by de telefyzje achter de skermen hawwe, en dêr resolút mei ophâlde, om minsken bysûndere massaazjes te jaan. Jeroen Schaap die it. Dizze Fries om utens wennet yn Amsterdam. Hy is Body Stress Release-terapeut. Mar koe it telefyzjemeitsjen úteinliks dochs net litte.

Sjouke Lousma Underweis (1801)

Sjouke Lousma makke yn 1999 de earste ôflevering fan Underweis. En hjoed stjoere we de lêste út, ôflevering 1781.
1781 petearen mei gewoane minsken lykas as jo en ik.
1781 petearen oer saken dy't we allegear meimeitsje kinne.
1781 kear altyd wer bysûnder.
Foar dizze lêste ôflevering socht Sjouke in âlde bekende op.

Kollum

De kollum komt dizze snein fan Bart Kingma, programmamakker en skriuwer.

Nijfoarum

Underwerpen dy't oan bar komme: files op de Ofslútdyk, de doarpetop, filmskout foar Fryslân en Brexit. Mei ús fêste leden: Attje Meekma en Otto van der Galiën, en gastlid Jantine Weidenaar.

Share this page on:

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
(advertinsje)