Buro de Vries fan 26 july 2020 11:00

    * apen en bearen diel 4 en 5 

    * Bijen en bijkers diel 4 * 

    * It eilân Gryn dêr't nimmen komme mei

    * Simmergast: Dr. Wouter fan Geffen (35), longdokter yn it MCL

    Wouter van Geffen

    Dr. Wouter van Geffen (35) is snein ús Simmergast 

    Van Geffen wurket as longdokter by it MCL yn Ljouwert. Hy is ferbûn oan de ôfdieling onkology en hâldt him dus benammen dwaande mei longkankerpasjinten. Hy hat syn oplieding yn Grins dien, wurke foar syn promoasje ûnder mear yn it Royal Hospital yn Londen en foar in ûndersyk nei de 'long-oanfal' wûn hy in ynternasjonale priis. Njonken syn wurk as medysk spesjalist, is van Geffen as ûndersiker ferbûn oan it UMCG. Hy docht dêr wittenskiplik ûndersyk nei de kwaliteit fan libjen en de behanneling fan kanker.

    Wouter van Geffen waard lykwols benammen bekend fanwege syn 'corona-vlogs' foar it ferneamde telefyzjeprogramma Frontberichten. Dêryn holden minsken yn tal fan soarchberoppen sels in fideodeiboek by. It joech in ynkringend byld fan wat de coronakrisis yn de praktyk betsjutte en hokker dilemma's de soarchwurkers foar de kiezzen krigen. Hoe sjocht hy werom op dy hektyske perioade? Wêr rûn er tsjin oan en wat ha hy en syn kollega's hjir fan leard, en binne we écht klear foar in twadde weach? Mar ek: hoe wie it om suver in soarte fan BN'er te wurden troch dat programma Frontberichten en oare media-optredens? Fierder omtinken foar Van Geffen as persoan: Wêrom keas hy foar Fryslân en it MCL? Wa ha him ein ynspirearre en hokker muzyk heart er graach?

    11:09 - Francis Rossi & Hannah Rickard - I Talk Too Much
    11:34 - Superheavy - Miracle Worker
    11:49 - Gerbrich Van Dekken - Datsto Myn Leafde Fielst
    12:11 - Claudia De Breij - Mag Ik Dan Bij Jou
    12:32 - Suzan & Freek - Blauwe Dag
    12:49 - Lost Frequencies - Are You With Me

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)