Buro de Vries fan 26 july 2015 12:00

Tusken 12:00 en 13:00 oere in ôflevering fan Friezen yn Frankryk. Yn Súd-Frankryk binne we te gast bij de Stellingwerver famylje De Boer. Sy buorkje goed yn de 'gouden trijehoeke'. Dizze snein mar ien oerke Buro de Vries en dat hat te krijen mei in útstjoering fan it PC-kafee.

Friezen yn Frankryk: famylje De Boer

Departemint Tarn et Garonne: in gloaiend lânskip mei benammen bouboeren. Hjir wennet de Stellingwerver famylje De Boer. Jan en Henny de Boer hienen in grut feebedriuw yn Steggerda. Om ferskillende redenen, ûnder oare dat it bedriuw op slot siet, sochten se ein jierren '90 wat oars. Dat it Frankryk wurden is hie ek te krijen mei de âldste soan, Roelof. Hy hie slim lêst fan ekseem yn it wiete Nederlân.

Soannen Roelof en Jan Job

Roelof en syn jongere broer Jan Job ha beide de lânbouskoalle yn Wolvegea dien. Roelof hat altyd boer wurde wollen, Jan Job hie mear mei de technyske kant mar in oplieding hjiryn hat hy net hân. Hy kaam yn Grins telâne op de middelbere hotelskoalle. Wurk dat hy ek mei wille die. Roelof en Jan Job wienen beide klear mei skoalle doe't de plannen foar Frankryk rûn kamen. Jongste broer Herwin wie 15 jier en siet noch op skoalle.

Buorkje yn de 'gouden trijehoeke'

Dit gebiet yn Frankryk leit yn de trijehoeke Middellânske See, Atlantyske Oseaan en de Pyreneën. Dêrtroch ûntstiet in luchtstreaming dy't makket dat it hjir poergeskikt is foar it telen fan sied. It leveret in mikroklimaat op mei hast gjin útsjitters. It bedriuw fan de famylje De Boer leit hjir middenyn. Se ferbouwe weed, koalsied en mais foar it sied. Fierder ha se krekt de meloenen plante, ferbouwe se soaja en sinneblommen en as eksperimint dit jier foar it earst teft.

De famylje De Boer, in jier letter

De famylje De Boer hat in site oer harren bedriuw yn Frankryk. Mei in soad foto's, sjoch mar ris: http://www.beulaygue.com/

Diel dit berjocht op:

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneinen fan 11.00 oant 13.00 oere.
(advertinsje)