Buro de Vries fan 26 jannewaris 2020 11:00

    Willy Broekstra skreau in boek oer har sykteproses nei de diagnoaze kanker. Se oerlibbet, mar har libben nimt ûnderwilens dat proses in ôfslach dy't se net betinke koe. Se skreau in dûbeld boek: "Kaal haar" en "Klaar". Yn Buro de Vries in dokumintêre.

    Yn Memoriam: Roelie Schuurman

    It wikeoersjoch

    it nijsfoarum mei Anne Goaitske Breteler, Maarten Goudzwaard en Retze van der Honing

    en tuskentroch flitsen fan Thialf ôf, dêr't it NK sprint en allround holden wurdt.

    "Kaal haar. Mijn beppe heeft kaal haar..."

    “Kaal Haar” is de titel fan in boek dat takom wike ferskynt. Yn it boek beskriuwt Willy Broekstra fan Dokkum mei Paul Peijenburg har striid tsjin leukemy. Fan it earste berjocht ôf dat der wat mis wie, fia de gemo’s, de stamseldonaasje fan broer Theo, it meilibjen fan man, bern en bernsbern oant it better wurden. De titel “Kaal Haar”, ûntliende se oan in opmerking fan beppesizzer Sara: Mijn beppe heeft kaal haar!” Mar wylst Willy stadichoan opknapt, krijt har man Gerrit in fatale diagnoaze: longkanker. Op basis fan it boek, makke René Koster foar Buro de Vries in ynkringende radiodokumintêre.

    Yn Memoriam: Roelie Schuurman

    Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear werkenber. Mei dat idee gie Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Ditkear is dat Roelie Schuurman.

    It wikeoersjoch

    In persoanlik oersjoch fan it nijs fan de ôfrûne wike. 

    It nijsfoarum mei Anne Goaitske Breteler, Maarten Goudzwaard en Retze van der Honing

    It nijsfoarum praat en diskusjearret oer saken dy't de ôfrûne wike yn it nijs wiene: 

    Moatte steateleden in hegere fergoeding krije foar it steatewurk?

    WMO Problematyk: 4 organisaasjes dogge net mei oan de oanbesteging. Bliuwe 2 oer. En no?

    - D66 wol dat we op in oare wize mei drugs omgean: legalisearje.

    - It corona-firus en de situaasje yn Sina. -

    - nasjonale foarlêswike.Wa lêst noch foar? Wat is it belang fan foarlêzen?

    11:07 - Randy Newman - Short People
    11:45 - Femke & Sanne - Emosjoneel Fan Dy [Fmn 2012]
    12:10 - Enigma - Return To Innocence
    12:19 - Coldplay - Orphans

    Programma presentator: 
    Geartsje de Vries

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)