Buro de Vries fan 26 jannewaris 2014, 11:00

    Hjoed mar ien oerke Buro de Vries. Om 12 oere nimme de kollega's fan de sport it oer, en dat hat fansels alles te krijen mei de wedstriid Cambuur-Hearrenfean dy't om healwei ienen begjint.

    "Dat is hiel unyk, dat ha we yn Nederlân noch net"

    Stifting Fruit yn Fryslân bestiet sawat 10 jier. De stifting hat ta doel alle fruitsoarten dy't yn Fryslân binne, of west ha, te behâlden of sa mooglik werom te bringen. Se ynventarisearje watfoar fruitbeammen der binne yn de provinsje, se fersoargje int-kursussen en jouwe foarljochting. De ôfrûne trije dagen wienen frijwilligers drok yn it spier op in stik lân by Eijsinga State by Sint Nyk. Mear as 200 ferskillende appelbeamkes ha se plante. In unyk projekt. It Buro socht foarsitter Nynke Zijlstra op.
    Sjoch foar mear ynformaasje op www.fruitynfryslan.nl

    YM: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

    Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Hjoed: Ate Draaisma fan Boalsert.

    Museum Dr8888 konsintrearret har op it 'Ynterbellum'

    It wie de perioade fan de grutte feroarings: it ynterbellum, de jierren tusken de beide wrâldoarloggen. Mar ek ien fan ekstremen. Fan hoop op in utopyske wrâld oant it pessimisme oer de ekonomyske realiteit. Ek yn de byldzjende keunst komme dy ekstremen werom. Museum Drachten bringt dat mei de útstalling 'Palet van het interbellum' letterlik yn byld. It museum beskikt sels oer in grutte kolleksje keunst út de perioade, tink mar oan de buorren Thijs en Evert Rinsema. Troch brûklienen fan oare musea, mar benammen ek partikulieren, is in unyk oersjoch makke. It Buro waard op in smoardrokke, troch-de-wykse dei, gastfrij ûnthelle yn Museum Drachten troch Annemieke Keizer, ien fan de gearstallers.

    De útstalling 'Palet van het interbellum' yn museum Drachten is noch te sjen oant 9 maart.
    http://www.museumdrachten.nl/

    Sjouke Lousma ûnderweis (1689)

    Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út. Hjoed treft hy in Kûbaarder. Hy komt út in grut gesin, se wienen thús mei syn tweintigen.

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)