Buro de Vries fan 26 febrewaris 2017 11:00

    * Romke Kooyenga follet de stimwizer yn * Sjonge is topsport en goed foar de wrâld * YM Aukje Wadman fan Tytsjerk * Nijsfoarum mei Hilde Tjeerdema, Rendert Algra en Geesje Duursma. Presintaasje: René Koster.

    Stemwizer Romke Kooyenga

    • Stemwizer Romke Kooyenga

    "Sjonge is goed foar liif en geast en soarget foar harmony"

    • "Sjonge is goed foar liif en geast en soarget foar harmony"

    Jo kinne it grif, jo sitte yn 'e auto, de radio oan, en in moai nûmer wurdt draaid. Foardat jo it witte sitte jo mei folle boarst mei te sjongen. En wat fiel je dan? Bliidskip!
    Sjonge is sûn, sawol foar it liif as de geast, en noch moaier, it soarget foar harmony. Dat kinne we yn dizze tiden wol brûke. Jan Ate Stobbe, klassyk sjonger en sjongpedagooch yn Ljouwert pleitet dan ek foar mear sjongen en ek sjongles. Simone Scheffer naam in les. Se kaam der in stik fleuriger wei as dat se der hinne gie....

    YM: Radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

    • YM: Radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

    Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Aukje Wadman fan Tytsjerk.

    Nijsfoarum mei Hilde Tjeerdema, Geesje Duursma en Rendert Algra

    • Nijsfoarum mei Hilde Tjeerdema, Geesje Duursma en Rendert Algra

    11:07 - Beach Boys - Tears In The Morning
    12:09 - Weeknd - Can't Feel My Face
    12:15 - Barry Manilow - Life Has It's Ups And Downs

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)