Buro de Vries fan 26 desimber 2020 09:10

    Yn dizze ekstra Buro de Vries op twadde Krystdei:

    * Boekekast, de podcastrige fan Omrop Fryslân en Boeken fan Fryslân. It lêste ferhaal fan de rige fan dit jier wurdt foarlêzen troch Thijs Feenstra en in interview mei de skriuwer: Thijs Wadman

    * Skriuwer en sjoernalist Hylke Speerstra hat de lêste hân lein oan syn 'Magnum Opus', syn belangrykste wurk. Speerstra is te gast

    * Trije fyfdeklassers fan gymnasium Beyers Naudé yn Ljouwert fertelle oer hoe't sy it coronaskoaljier belibbe ha.

    Hylke Speerstra skriuwt syn Magnum Opus

    "Testamint fan de siel" Dat is de titel fan it lêste boek fan Hylke Speerstra. It skriuwen is fierhinne klear. In Magnum Opus is it belangrykste wurk fan in skriuwer, lykas 'Het koninkrijk der Nederlanden in de tweede wereldoorlog' fan Louis de Jong en 'Ab urbe condita' fan Titus Livius. Mei de oankundiging dat in skriuwer dwaande is mei syn masterwurk, wurde der tagelyk hege ferwachtingen oplein. Yn in petear mei Speerstra sille we prate oer dy ferwachtingen, selsrefleksje en fansels ek oer it boek sels.

    Gymnasiasten oer har coronaskoaljier

    De dosint maatskippijlear joech syn fyfde klasse fan gymnasium Beyers Naudé begjin dit skoaljier in opdracht: skriuw op wat jim meimeitsje, wat jim fiele en hoe't jim tinke oer dit coronajier, want dit is in histoaryske tiid dy't jim fêstlizze moatte. Krekt foar de krystfakânsje hawwe se har epistels ynlevere. It binne somtiden ferbjusterende skriuwsels oer iensumens en fertriet mar ek fylosofearjende beskôgingen oer it libben op ôfstân.

    Trije fan har binne te gast yn Buro de Vries: Franc van der Werff, Alida Veenstra en Jellie de Vries. In petear mei harren oer dit frjemde (skoal)jier.

    09:13 - Wiebe - Swart Op Wyt
    09:46 - Housemartins - Caravan Of Love
    09:53 - Beverly Knight - A Christmas Wish, The Theme To The Loss Adjuster
    10:37 - John Denver - Take Me Home Country Roads
    10:53 - Charles Aznavour - La Boheme (Remasterise)
    11:17 - Eagles - Hotel California
    11:47 - Coldplay - Christmas Lights
    Programma presentator: 
    Geartsje de Vries

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (Advertinsje)