Buro de Vries fan 26 desimber 2019 09:10

    In wol hiel bysûndere útstjoering op dizze Twadde Krystdei fan njoggen oant tolve oere. We sjogge yn de foarm fan twa natoer-reportaazjes op 'e Ofslútdyk en by de 'Schoapedobbe' en krije alle oeren in bysûndere gast live oan tafel.

    Tusken njoggen en tsien oere is dat Cor Waringa, dy't al njoggen jier alle wiken in Yn Memoriam foar Buro de Vries makket. 

    Tusken tsien en alve oere makket hy plak foar Ingrid Spijkers, sûnt koart haadredakteur by Omrop Fryslân.

    De lêste oere, tusken alven en tolven, komt kommissaris fan de Kening Arno Brok by it Buro del.

    Mei alle gasten sille we yn petear oer it bysûndere fan de krystdagen, sjogge we werom èn foarút, en draaie we muzyk dêr't de gasten wat mei ha.

    Cor Waringa

    Ingrid Spijkers

    Arno Brok

    09:27 - Choir Of King's College, Cambrid - O Little Town Of Bethlehem
    09:52 - Hessel Van Der Wal - Aldeboarn
    10:14 - Fay Lovsky - Christmas Was A Friend Of Mine
    10:43 - Nick Cave & The Bad Seeds - Into My Arms [2011 Remastered Edition]
    10:55 - Wiebe Kaspers - Jorwert
    11:18 - Inessa Galante, London Musici & - Ave Maria
    11:38 - Loreena Mckennitt - Coventry Carol
    11:55 - Gerrit Breteler - It Akkoard

    Programma presentator: 
    René Koster

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)