Buro de Vries fan 26 april 2020 11:00

    * in boek mei persoanlike oarlochsferhalen skreaun troch de 26-jierrige Geartsje Pols fan Baaium * mei boskwachter Manon van Wezel helje we in frisse noas yn in bysûnder natoergebiet: Van Oord's Mersken * Yn Memoriam: Henk Kooistra * it wikeoersjoch * it nijsfoarum mei Harry van der Molen, Henk Wilbers en Reino Meinema.

    Persoanlike oarlochsferhalen fêstlein yn in boek

    Yn dizze wiken sjogge we alle jierren werom op de oarloch. Dit jier is it 75 jier lyn dat Nederlân befrijd waard. Der binne al in hiel soad boeken oer skreaun en koartlyn is der wer ien by kommen. Skreaun troch in 26-jierrige jonge frou út Fryslân. It boek 'Dit nooit weer' fan Geartsje Pols is te krijen by de boekhannels en it is ek online te bestellen fia de útjouwer Bornmeer.nl of fia bol.com.

    In bysûnder natoergebiet: Van Oord's Mersken

    Fanwege de coronakrisis soene je it hast ferjitte, mar we sitte yn ús lân ek noch mei in pfas- en stikstof-krisis. Lanlik en provinsjaal wurdt noch hieltyd besjoen wêr't en hoe't we buorkje kinne as oan de strange emisjeregels foldien wurde moat. Benammen yn de omkriten van kwetsbere Natura 2000-gebieten, liket it buorkjen gjin takomst mear hawwen en wurde boerebedriuwen opkocht. Ien fan Fryske gebieten dêr't dat foar jildt, is 'Van Oordts Mersken'. Mar wat is dat eins, wêr komt dy bysûndere namme wei, wêr leit it en wêrom is it sa bysûnder? Buro de Vries-kollega René Koster hellet alle dagen in frisse noas en docht dat hjoed yn dat natoergebiet, tegearre mei Manon van Wesel, boskwachter by Steatsboskbehear Súdeast-Fryslân....

    Yn Memoriam: Henk Kooistra

    Alle wiken fertelt Cor Waringa it libbensferhaal fan in Fries of Friezinne dy't ferstoarn is.

    Yn dizze ôflevering stiet hy stil by it libben fan Henk Kooistra

    it wikeoersjoch

    In persoanlik oersjoch fan it nijs fan de ôfrûne wike

    It nijsfoarum

    Mei CDA Twadde Keamerlid Harry van der Molen, Henk Wilbers, direkteur fan Cedin en Reino Meinema, mediator spesjalisearre yn famyljesaken.

    11:07 - Ryan Adams - Answering Bell
    11:29 - Paolo Conte - Gli Impermeabili
    11:48 - La's - There She Goes
    12:07 - Sheryl Crow - Run Baby Run
    12:16 - Marcel Smit - Whisky En Dy

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)