Buro de Vries fan 25 oktober 2020 11:00

    * Grutte Pier, held of terrorist?
    * 'Fan binnenút' ferhalen oer de GGZ
    * it wikeoersjoch
    * it nijsfoarum mei Tieneke Clevering (Water Natuurlijk), Betty de Boer (eks-VVD Twadde Keamerlid) en Sander Warmerdam (haadredakteur Ljouwerter Krante)

    Grutte Pier: Fersetsheld of terrorist?

    Op 28 oktober is it 500 jier lyn dat Grutte Pier ferstoar. De 'held' út Kimswert is bekend fanwege syn 'Bûter brea en griene tsiis', syn ûnbidich grutte swurd en syn ôfmjittings. Wat is it byld dat wy fan him ha? Doocht dat noch, of soene wy dêr ris oars nei sjen moatte? In petear oer Grutte Pier mei Willem Schoorstra, skriuwer fan it boek 'de profesij fan Bline Simen' oer it libben fan Grutte Pier en doarpshistoarikus Reinder Politiek fan Kimswert.

    Twa ûndernimmers út Kimswert, Sjoukje Tijssen en Jamila Jarir skreaune in skriuwwedstryd út oer Grutte Pier. Yn de útstjoering fan Buro de Vries binne de winners bekend makke: Lucy Neetens (earste priis) en Youvan Bergsma (twadde priis).

    Ferhaal earste priis

    Ferhaal twadde priis

    Sjuerrrapport

    Ferhalen út de GGZ

    De geastlike sûnenssoarch is wichtiger as ea yn dizze tiden fan corona. De mienskip stiet ûnder druk, benammen de kwetsbere minsken. Sawiesa binne der hieltiid mear minsken dy't geastlik yn 'e knipe komme en de soarch hat grutte besunigings ûndergien de ôfrûne jierren. De minsken dy't der wurkje binne lykwols like besiele as altyd. Kollega Miranda Werkman makke in rige mei meiwurkers yn de GGZ.

    Miranda Werkman mei Martsje Yntema. Sy wurket as ferpleechkundich spesjalist yn it krisiteam en by ferslavingssoarch.

    It wikeoersjoch

    In persoanlike blik op de ôfrûne wike troch Geartsje de Vries

    It nijsfoarum mei Sander Warmerdam, Betty de Boer en Tieneke Clevering

    Alle wiken prate trije opinymakkers oer it nijs fan de foarbije wike. Dizze kear binne dat haadredakteur Sander Warmerdam fan de Ljouwerter krante, eks-Twadde Keamerlid Betty de Boer fan de VVD en wetterskipsbestjoerder Tieneke Clevering. Se sille it ûnder oaren ha oer de ferkiezings yn Amearika, it ekskús fan de kening, de coronamaatregels en de konsumpsje fan fleis.

    Programma presentator: 
    Geartsje de Vries

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (Advertinsje)